- 8 -
14Voorstel een krediet beschikbaar te stellen voor snelheidsremmen
de maatregelen.
De hear De Jager seit dat syn fraksje fynt dat dit ütstel
altiten wêze moat. Hy is lykwols benijd nei it ferrin, want
f 20.000,00 is net safolle jild.
Mefrou Santerna hopet dat de "pankoeken" net al te heech wurde.
Wethâlder Van den Berg is bliid dat de ried posityf reagearret.
It sille moaie platte "pankoeken" wurde. Yn de kommisje sil
achterôf ynsjoch jûn wurde.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor
stel besloten.
15. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet ten behoeve
van een onderzoek naar mechanisatie en bediening op afstand van
de Tütsebrêge.
De hear Roorda seit dat syn fraksje dit ütstel stipet. Oan de
iene kant omt de wurkgelegenheid yn de toeristyske sektor
tanimme kin en oan 'e oare kant omt de ynwenners mear rekreative
mooglikheiden krije. De steande-mêst-rûte past goed yn it toeris-
tysk-rekreative belied fan de gemeente. Alhoewol't de betsjinning
fan de Tütsebrêge foar syn fraksje net de grutste prioriteit hat,
kin hy wol ynstimme mei dit ündersyk. De definitive beslütfoar-
ming oer it plan folget letter. Syn fraksje sil dan it plan
posityf kritysk besjen. Hy is benijd nei hoe't de feilichheid
sawol op de dyk as it wetter garandearre wurde kin en nei de
hichte fan de eksploitaasjelesten yn ferhâlding ta de oare
brêgen en it tal passaazjes dat ferwachte wurdt. Is it kolleezje
fan doel om brêgejild te freegjen? In yntegrale ôfwaging fan de
hiele rûte fan Ljouwert nei de Snitsermar soe op syn plak wêze.
De hear Postma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it ütstel.
Hy wachtet it operasjonele plan mei belangstelling óf. Hy nimt
oan dat dit op koarte termyn barre sil. Yn it ramt fan de 5B-
projekten en it toeristysk-rekreative üntwikkelingsplan soe der
ek noch ris sjoen wurde moatte nei in trochbraak yn it ferlingde
fan de Nauwe Golle foar de lytse rekraasjefaart.
De hear De Jager seit dat yn de te realisearjen steande-mêst-
rûte fan Akkrum nei Ljouwert de Tütsebrêge in obstakel is. Syn
fraksje is dêrom ynnommen mei dit ütstel. It âlde sprekwurd
seit dat de kost foar de baat ütgiet; sa is dat hjir ek. Mocht
it skip mei jild üt Brussel oankomme dan binne dizze tariedings
yn elts gefal mar dien. Mei de Tütsebrêge binne fansels net alle
problemen tusken Akkrum en Ljouwert oplost, mar as earste oanset
is dit in prima ütstel.
Mefrou Santerna seit dat har fraksje mei dit ütstel ynstimme kin.
Har fraksje freget oft dit projekt no noch wol op 'e tiid by de
provinsje yntsjinne is.
De hear Van den Berg seit dat hy graach ek de finansjele gefol-
gen fan dit plan yn it ütstel opnommen sjoen hie. De definitive
beslütfoarming moat letter plakfine, mar de gemeente giet dochs
gjin f 12.000,00 ütlûken foar. in plan dat miskien ek wol net
trochgiet. Lykwols kin syn fraksje ynstimme mei it ütstel.
NOT1209/O/H/BROUWERJ/8