- 4 -
Mefrou Santema seit dat ek har fraksje it kwytskeldingsbelied in
positive saak fynt. Dit moat lykwols wol ta utering komme yn de
begrutting foar 1996. Yn de behanneling yn de kommisje binne wol
kanttekenings makke. Har fraksje fynt de dekking út de post rei
niging wei net suver. As der jild oer is op de reiniging komt it
alle boargers ta.
De foarsitter priuwt yn de ried wol sympaty foar it ústel.
Lykwols is net eltsenien foar in ynfiering yn 1995. As dat wol
bart, sa as it kolleezje wol, dan sil der dekking fün wurde
moatte. Yn it útstel hie stean moatten dat de kommisje "yn
mearderheid" posityf reagearre hat. De omfang fan it fraachstik
fan' e (stille) earmoede is net bekind. De twadde stap, sa as de
hear Roorda sein hat, sil oan 'e oarder komme by de begrutting
foar 1996. Dit kwytskeldingsbelied is in part fan it minimabe-
lied. Foar 1995 is foar de dekking in post socht dy't op syn
minst diskutabel is. Foar it kommende jier kin de ried op 'e nij
oer de dekking prate, mei oare wurden in bettere dekking fine.
Yn de diskusje oer de ynfiering fan de nije Algemene Bijstands
wet sil dúdlik wurde dat de gemeente yndied in gruttere taak
krijt op it mêd fan de wurkleazensbestriding.
Wethâlder De Boer seit dat de kommende moannen yndied oer ûnder
oaren de nije Bijstandswet diskusiearre wurde sil. By de begrut
ting sil der praten wurde kinne oer in bydrageregeling dielname
maatskiplik ferkear.
De hear Roorda seit dat it op himsels wol ynteressant is te wit
ten hoe grut krekt de groep minsken is dy't ferlet hat fan in
goed minimabelied. Al is it wol dúdlik dat dy groep behoarlik
grut is en grutter wurdt. Syn fraksje is bliid mei dit útstel en
kin him fine yn de dekking foar dit jier. Hy hopet ek op in
posityf risseltaat foar de bydrageregeling dielname maatskiplik
ferkear.
De hear De Jager freget oft de regeling foar dit jier ek proble
men opsmyt omt der al 9 moannen fan 1995 om binne.
De hear Van der Baan seit dat it him wol stekt dat de grutte
lanlike partijen altiten sa skriemerich dogge wylst se oan de
oare kant mei ferantwurdlik binne foar de ynkommensferdieling yn
Nederlân. Bygelyks, de hegere ynkommens wurde wakker holpen mei
fiergeande fiskale foardielen. It soe goed wêze dat de grutte
partijen ek foar de oare kant oandacht hawwe. Dizze regeling
nimt net de oarsaak wei, hy bestriidt allinne mar in symptoom.
Mefrou Santema seit dat har fraksje net mei de dekking foar 1995
akkoart gean kin. Sy wol pas by de nije begrutting in dekking
sykje en mei de regeling begjinne.
De foarsitter seit dat it net om de getallen giet mar om it
begjinsel de minsken dy't it swier hawwe te helpen. Der sil in
ferrekkening plakfine oer de ôfrûne moannen foar dy minsken dy't
al betelle hawwe en no gebrûk meitsje kinne fan dizze regeling.
Ynkommenspolityk, dêr't de hear Van der Baan oer praat, is net
it foech fan de gemeente en dus is diskusje dêroer ek net op syn
plak.
NOT1209/O/H/BROUWERJ/4