- 6 -
Der moat as belied wol nei ferbreding fan de iepeningsoeren
sjoen wurde mar de problemen dy't der binne as it giet om pas
poorten ensafuorthinne wurde no ek altiten treflik oplost. Dat
der no in beslút nommen wurde moat hat te krijen mei de opsister-
myn. De basisbefeiliging fan it gemeentekantoar is goed. Der sit
altiten in stik spanning yn oan 'e iene kant iepenstelling fan
it kantoar en oan de oare kant de befeiliging. By it útstel oan
de ein fan it jier sil ek sjoen wurde nei alle aspekten dy't mei
de befeiliging te meitsjen hawwe.
De hear Van der Baan ûnderstreket de wurden fan de foarsitter
oangeande de tsjinstferliening dy't poerbêst is. Yn it ramt fan
de befeiliging merkt hy op dat as freedtemiddeis de resepsje
beset wêze soe der better each op de sitewaasje yn it gemeente
kantoar hâlden wurde kin.
De foarsitter seit dat der yndied in stik spanning sit tusken de
kosten fan de befeiliging en iepenstelling. Hy leit der de klam
op dat de befeiliging fan dokuminten ensafuorthinne goed yn 'e
oarder is. Wat de tsjinstferliening oanbelanget merkt hy noch op
dat minsken net mear sa as eartiids in pear dagen hoege te
wachtsjen op it rydbewiis as it paspoart; der is no in direkt-
klear-systeem.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor
stel besloten.
9. Voorstel tot intrekking van het besluit van de raad van 2 janua
ri 1984, nummer 13 en tot aanwijzing van 2 panden tot gemeente
huis.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform
het voorstel besloten.
10. Voorstel tot het instellen van een civiel-rechtelijke procedure.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform
het voorstel besloten.
11. Voorstel tot afwikkeling van de Stichtingsovereenkomst Yn 'e
Lij te.
De hear Van der Baan seit dat eltse kear as Yn 'e Lij te oan 'e
oarder is hy der oan tinke moat hokfoar tryste skiednis dat eins
is. Wat der no bart yn Yn' e Lij te is de béste oplossing foar de
sitewaasje dêr't we yn bedarre binne. Hy is dér lykwols net
optein oer omt de gewoane man fan it toaniel ferdwynt en de
finansjeel draachkrêftigen it roer oernimme. Syn fraksje stipet
it útstel. Hy wol noch graach fan it kolleezje witte hoe't it
mei de kampingbewenners komt. Bliuwt de kamping bestean?
De hear Van den Berg seit dat syn fraksje konstatearre hat dat
fan alles wat der ynset is foar Yn 'e Lij te neat telâne kommen
is. Hy sil ynstimme mei it útstel mar de hiele saak oersjend
jout it him dochs in ûnbefredigjend gefoel.
Wethâlder De Boer tinkt dat it better is om posityf de takomst
temjitte te gean. It kolleezje tinkt dat weromsjen nei it
ferline net folie opsmite sil. Der is no in nije start makke. In
ûnderdiel dêrfan is dit útstel. Der komt ynkoarten in nij be-
stimmingsplan dêr't de kamping yn fêstlein wurdt.
NOT1209/O/H/BROUWERJ/6