- 4 - Wethâlder De Boer seit dat it kolleezje fynt dat it jeugdhonk der mei in artikel 17-proseduere komme kin. It giet dan om in tydlike ûntheffing foar 5 jier. De artikel 17-proseduere is in wetlik fêstleine proseduere en foldocht dus oan de demokratyske easken. Der fynt ek hjir in soarchfâldige ôfwaging plak. Ut klantfreonlikens wei hat it kolleezje bes letten de proseduere op 'e nij te starten. De hear Zij lstra seit dat syn fraksje it in goede saak fynt dat de jongerein in goed ûnderdak krijt ûnder in goede begelieding. Yn de oerienkomst mei de Utingeradeelhal binne goede betingsten opnommen. As der no net ynvestearre wurdt yn de jongerein sil de mienskip letter de rekken presintearre krije. Hy wol graach wit te op hokker wize de kontinuïteit fan de lieding fersoarge is. Mevrouw Aukes zegt dat zij in eerste termijn heeft gevraagd naar de visie, de verantwoordelijkheden, de precedentwerking en de hardheid van de toezeggingen van Plaatselijk Belang. De beant woording van de wethouder was zeer onduidelijkheid. Haar fractie wil ook investeren in de jeugd, maar dan in Multifac. Gezien de positieve ervaringen die al zijn opgedaan vindt haar fractie Multifac een goed onderkomen voor de jeugd. De hear Oosterhof seit dat it benammen de parkears- en ferkears- problemen wiene by Multifac dy't foar problemen soargen. In twadde ûnderkommen foar de jongerein is in weeldeferskynsel. Hy fynt dat de artikel 17-proseduere net foldwaande foldocht yn dit gefal. It is ek de earste kear yn 6 jier dat dizze proseduere brûkt wurdt. Yn dit gefal kin it kolleezje de saak der gewoan trochdrukke sûnder dat der in gewoane beswier- en beropsprosedu- ere mooglik is. De hear De Jager seit dat der maksimale betingsten steld binne om de oerlêst foar te kommen. Hy freget om in evaluaasje nei ôfrin fan it winterskoft. In entûsjaste groep minsken wol hjir mei oan de slach en dy meie we eins net dwerssitte. It is ek mar spjeldejild dêr't we oar prate. Mefrou Veldstra seit dat mei dit útstel de jongerein fan Akkrum yn it útsûnderlike posysje komt sûnder dat de jongerein seis aks je ûndernommen hat. Der ûntstiet in grut kontrast mei oare doarpen. Tink mar oan de brêgejeugd yn Warten dy't op 'e knib- bels west hat om f 500,00 en de jongerein fan Raerd dy't seis in liening ôsluten hawwe en dy ek werometelje sille. It wurdt heech tiid foar in jongereinbelied foar de hiele gemeente en it sosjaal-kulturele wurk wer nij libben yn te blazen. De hear Van der Baan fynt dat foar in goed jongereinbelied begûn wurde moat mei it beneamen fan in opbouwurker. Troch in jeugd honk del te setten wurdt net yn 'e jongerein ynvestearre. Der wurdt allinne mar in plak foar in jeugdhonk beskikber steld, in plak dat syn fraksje ek mar min noasket sa bûten de mienskip op in yndustryterrein. De ried hat al foars kapitaal ynvestearre foar de jongerein yn Akkrum. Ek de wethâlder fûn it doedestiids in te hege ynvestearing. Omt Multifac wol oare hierders krije kin sil de Stichting foar nij ûnderdak foar de jongerein soargje moatte. NOTlOlO/O/H/BROUWERJ/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 6