- 7 - Wethâlder De Boer seit dat sy graach de kompliminten oerbringt oan de organisaasje. Der is amtlik yn breder ferbân mei 12 ge meenten praten oer en wurke oan dizze nije wurkwize. De ynset wie dat eltse gemeente syn specifike saken oanjaan koe en útwur- kje. De ynset wie ek de minsken wer oan it wurk te krijen. Takom jier binne der mear plichten foar de minsken en der moat dus ek mear oan begelieding dien wurde. Der wurdt gearwurke mei it Ar- beidsburo en der komt in konvenant mei dêrneist in útfieringsfer- haal. Sy tinkt dat de funksjes fan kontroleur en adviseur wol te ferienigjen is. Om dit sa goed mooglik ferrinne te litten wurdt it personiel by-oplieden. Fanút it beliedsplan wei is in evaluaa- sje ferplichte. De heer Jonkers vraagt of het mogelijk is in de commissie W.W.M. in het voorjaar van 1996 eens van gedachten te wisselen met een of meer begeleiders uit onze eigen dienst en van het Arbeidsburo. De hear Van der Baan seit dat ien fan de grutste bedriegingen foar ús mienskip is dat minsken sûnder wurk sitte en dus sûnder perspektyf. Syn fraksje hat in alternatyf by de provinsje dellein. Ek yn dizze ried soe hy graach ris diskussiearje wolle oer it model fan prof. Van Elswijk wêryn de leankosten ferlege wurde. It model jout in oare berekkeningsbasis foar de sosjale sekerheid. Minister Wijers hat dit model ütrekkenje litten en is ta de konklüzje kommen dat dit model goed wurket en in soad ba nen opsmite kin. Rotterdam sil dit model ynfiere. Ynformaasje fan Rotterdam en fan it ministearje soe bydrage kinne oan it besprekken fan dit model yn de kommisje W.W.M. Miskien sjocht de gemeente yn grutter ferbân mooglikheden om ta dit model oer te gean. Wethâlder De Boer seit dat de hear Jonkers in goede suggestje dien hat. Yn maart/april takom jier sil der yn de kommisje pra ten wurde oer hoe't it plan yn de praktyk wurket. Sy seit ta it model Van Elswijk te besjen en yn de kommisje te besprekken. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 8. Voorstel tot vaststelling van de bij standsverordening nieuwe Algemene Bijstandswet (nAwb) De hear Zij lstra seit dat syn fraksje kontint is mei dizze feroardening wêryn net ien útkearingsgerjochtigde der op ach- terút giet. Hy wol graach nei in jier bes jen oft it ek wier sa útpakt is. Mefrou Veldstra seit dat de foarljochting oer dizze nije Bystâns- wet hiel goed wêze moatte. Wethâlder De Boer seit dat yn gearwurking mei 12 gemeenten de foarljochting opsetten is. De earste foarljochting nei de minsken ta is al west, ûnder oaren op de Boarnsterstim. Spit- igernôch geane dochs minsken der op achteruit. It giet dan om minsken dy't kostgonger/ûnderhierder binne en famylje yn'e twadde graad dy't byelkoar wenje. Yn ús gemeente giet it dan mar om in lytse groep. NOTlOlO/O/H/BROUWERJ/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 9