- 10 -
de boargers binne. It belied oangeande it personiel moat him
rjochtsje op it oplossen fan problemen. Syn fraksje fynt dat der
te min omtinken is foar de jongerein. Der is ûnfoldwaande tafer-
sjoch op de jongerein en dat soarget foar oerlêst, benammen yn
de wykeinen. Foar dat tafersjoch soe de frijwillige plysje
ynskeakele wurde kinne. Yn it sosjaal-kultureel wurk is in
opbouwurker nedich. Hy freget omtinken foar de oansluting fan de
ûnrendabele gebieten op it gasnet. Wat it ûnderhâld fan de wegen
oanbelanget fynt hy dat der wol kalmer oan dien wurde kin. Hy
fynt dat der nochris goed sjoen wurde moat nei de ferplichtings
dêr't de ried net om hinne kin. Mei de fraksje fan de V.V.D. is
hy fan betinken dat in kommunikaasjeplan net folie opsmite sil.
It is gewoan in kwestje fan praktysk wêze en ek sa hannelje. De
húsfesting fan it amtlik apparaat hat by him gjin prioriteit.
De hear Roorda seit dat syn fraksje ynnommen is mei dizze mai-
tiidsnota. Opfallend binne de tsjinfallers fan it rinnende jier,
de grutte winskenlist en de beheinde finansjele mooglikheden.
Der sil in kar makke wurde moatte want net alles kin yn ien
kear. Earst in koarte réaksje op de tsjinfallers. It is soarch-
lik dat der safalle ekstra jild komme moat foar de ynset fan
personiel. Dit kin net lang mear sa trochgean. Gelokkich is it
kolleezje drok dwaande mei it oplossen fan de knyppunten. Hy
giet der dan ek fanút dat dit de lést donaas je foar de bed-
riuwsflering is en dat de organisaasje oan de ein fan it jier
ridlik op oarder wêze sil. Syn fraksje giet wol akkoart mei it
útstel. Hy is fan betinken dat de winskenlist en begrutting
besjoen wurde moat oan de hân fan de folgjende punten: priori
teit foar saken dy't foar de eigen ynwenners fan belang binne en
it bekrimpen fan de belestingdruk. De óf rune twa jier is fral
ynsetten op de hurde sektor. It wurdt no tiid foar de saneamde
sachte sektor mei bygelyks it sosjaal-kulturele wurk en de
doarpsfernijing. Yn de maitiidsnota stiet in hiele rige winsken
op toeristysk mêd. Hoe grut is de romte om hjir op te besunigjen
as om de lesten oer mear jierren út te smarren? Hokfoar ferplich
tings binne der al oangien? Is it ek mooglik it bedriuwslibben
hjir better yn te belûken. Dit jildt ek foar de revitalisearing
fan de bedriuwsterreinen. Hy wachtet neiere ynformaasje óf oer
de posten dy't no PM opnommen binne. Posityf fynt hy dat it
kolleezje de relaasje mei de ynwenners ferbetterje wol. Hy hopet
dat dat ek slagje sil. Ek it ekstra omtinken foar probleem-
sitewaas j es yn it jeugd- en jongerenwurk sprekt him oan. Hy giet
der fanút dat de pjutteboartersealen, de berne-opfang en de
boartersplakken dêr ek ta rekkene wurde. Hy freget noch omtinken
foar de earmoedebestriding, it ûnderwiis en foar de knyppunten
yn de sport. It sil dúdlik wêze dat wat syn fraksje oanbelanget
de romte yn de algemiene reserve foar it mooglik meitsjen fan de
aksintferskowing fan de hurde sektor nei de sosjaal-kulturele
ynfrastruktuer en it oplossen fan de probleemsitewaasjes brûkt
wurde moat.
De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 22.25 oere foar in
skoft.
Hy weriepenet de gearkomste om 22.35 oere.
De foarsitter lést de moasje fan de fraksje fan de V.V.D. Dy hat
de folgjende tekst:
De raad van de gemeente Boamsterhim, in vergadering bijeen op
21 mei 1996 verzoekt het college van B. en W.
NOT2105/O/H/BROUWERJ/1O