- 11 - om met ingang van 1997 1 mei te schrappen als vrije dag voor de ambtelijke organisatie van de gemeente Boarnsterhim. De aanleiding tot dit voorstel te zien als een gevolg van de veranderde maatschappelijke houding ten aanzien van de 1 mei- gedachte cq. viering; Dit voorstel tevens in te brengen in de bespreking door het col lege betreffende de verkorting naar de 36-urige werkweek met ingang van 1 januari 1997. De moasje is foldwaande ündertekene. De foarsitter betanket de ried foar de reaksjes op de earste maitiidsnota nije styl. It is in groeien nei in folwûksen maitii- dsnota. It docht him deugd dat de ried mei begryp dêrfoar reagea- rre hat. Der binne in tal konkrete fragen steld. De prioriteit stelling is dêr ien fan. De ried neamt p.m.posten, it gemis fan in oersjoch, projekten en ferplichtingen. It kolleezje hat begryp foar dizze réaksje al hie hy leaver sjoen dat de ried wat düdliker yn syn prioriteitstelling west wie. Der is ek oantrune op ferskowing fan de prioriteiten nei datjinge wat troch minsken direkt field wurdt, bygelyks sosjaal-kultureel wurk. It is no al seker dat der yn it ramt fan de begrutting 1997 in kar makke wurde moat. It lûd dat de ried hearre litten hat sil brûkt wurde om in goede kar te meitsjen. Hy hopet dan ek dat it byld fan de ûnûntkombere ferplichtings helder is. It kolleezje fynt dat der no gjin utspraak dien wurde moat oer de ynfloed fan de Wet W.O.Z. It stribjen nei in gelikens as leger belestingbedrach bliuwt oerein. De 18000-ynwennergrins hat net in grutte betsjut- ting as it giet om de útkearing fan it gemeentefûns De hichte fan de fergoeding foar riedsleden sil besprutsen wurde by de begrutting foar 1997. Yn ús gemeente is 1 maaie al jier- renlang in frije dei. It is absolút ûntinkber dat de gemeente- ried dêr wat oan feroaret. It kolleezje moat wol prate mei O.R. en G.0. oer de 36-ûrige wurkwike, dêrby kin 1 maaie belutsen wurde. It kolleezje stelt dêrby in optimale ferhâlding op priis. Hy ûntriedt de ried in hurd punt fan dizze moasje te meitsjen. As der ôfpraten is dat de relaasje tusken bestjoer en organi- saasje, boargers en organisaasje, kolleezje en ried better moat en dat yn guon gefallen de kultuer feroarje moat dan is dat net maklik omt der faken ynsliten gewoanten binne. It giet om ôfspraken dy't makke wurde moatte en dy sille yn in koart, simpel en doeltreffend kommunikaasjeplan dellein wurde. Yn de sitewaasje dat der tefolle minsken yn de amtlike organi saasje siik binne is it wier needsaaklik dat der eksterne minsken ynskeakele wurde. Dat dêr in grut bedrach foar nedich is is gjin ûntkommen oan, omt it wurk klear moat en de boarger betsjinne en om de bestjoeropdracht goed út te fieren. It kol leezje fynt dat de kosten fan it BBI-projekt út de pot reor- ganisaasje weihelle wurde moatte. De post syktekosten is beslist te lyts. Dêrom wurdt dy oanfolle fanút de algemiene reserve wei. Der is dizze winter hiel goed struid mei in optimale ynset fan it personiel. Dat kostet no ien kear tiid en dit jier mear jild. Werving en seleksje is dj oer. It bedrach kin net samar troch de helte sa as de hear Van der Baan graach wol. It kolleezje sil yn it ramt fan it jeugd- en jongerenbelied goed oerwage oft in opbouwurker mooglik is. Yn Boarnsterhim wurdt al it measte gebrûk makke fan de frijwillige plysje. Ynkoarten sil wethâlder De Boer in nota presintearje wêryn doarpswachten omtinken krije. Wethouder Van den Berg zegt dat er in verband met de reorganisa tie geen formatieruimte is om de privatisering van de sport ver- NOT2105/O/H/BROUWERJ/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 13