- 5 - stuit wol kin. Aanst, as de notysje der is kin der en detail praten wurde oer hokfoar doelen it wurkgelegenheidsfûns foar brûkt wurde sil. Der wurdt no nochal wat jild blokkearre yn de reserves. Dat byld is net winsklik. Yn de notysje wurdt dat ek sa sein. Der moat aanst in plan komme om de dekkingsreserves fuorthelje te kinnen. It docht him deugd dat de ried dat doel stipet. Oer de ôffalferwurking en de kostenbehearsing ferskilt it kolleezje net fan miening mei wat mefrou Aukes dêr oer sei. It kolleezje wol in sa effisjint mooglik bedriuw meitsje. Gear- wurking mei oare gemeenten leit dan ek foar de hân. De skaal wêrop is in tige nijsgjirrich punt. Der komt in omslachmomint wêrop gruttere ferbannen djoerder wurde. Ried en kolleezje sille dat goed yn 'e gaten hâlde moatte. It komt foar dat miljeudoel- stellingen stridich binne mei de kosten foar de boargers. De ried sil dan in ôfwaging meitsje moatte. Dy kar klemt mear as der al in foarse belestingdruk is. Op dit momint kin der net in bestegingsplan makke wurde foar de Hearrensylsbrêge en foar de pont nei de Bird. De ynstelling fan dy reserves ferdraacht him net mei de hjoeddeistige sitewaasje. Dêrom stelt it kolleezje foar de reserves oer te bringen nei de algemiene reserve. Dy algemiene reserve: kin de ried better oer beskikke. It kolleezje mient dat de pot mûnen ferbrede wurdt mei de monuminten sadat de ried in kar meitsje kin as dat sa útkomt. No koene allinne mar de mûnen dêr út betelle wurde. Yn it ramt fan it finansjeel belied sil it positive rekkeningsrisseltaat yn de algemiene re serve stoarten wurde moatten. Fan dy post hat de ried seis de kaai yn hénnen. De ried sil ek kear op kear dêr seis in beslüt oer nimme moatte. De finansjele posysje fan de gemeente is op dit stuit wol aardich, mar it kolleezje is fan betinken dat in legere algemiene reserve net goed wêze soe omt der yn ús gemeen te noch hiel wat barre moat, ek op oantrúnjen fan de ried. De ried sil him wol ôffreegje moatte wêr't krekt de grins leit. It belestingnivo leit (te) heech. Dat sil ombûgd wurde moatte nei in stabilisaasje en mooglik in ferleging fan de tarieven. De ried kin it kolleezje oan dit stribjen hélde. It is dan lykwols hiel ferstannich in algemiene reserve te hawwen dêr't romte yn sit om winsken, bygelyks de plannen dy't oanmelden binne foar in 5B-subsydzje, fan de ried út wei te finansierjen. Hy seit ta dat der in belied ûntwikkele wurde sil oangeande de dekkingsreserves It kolleezje seit ta dat de CBS-yndeks foar wurknimmersgesinnen hantearre wurde sil. It kolleezje is tige tefreden oer it wurk fan BMC. Hy tinkt dat der net sprutsen wurde kin fan belangen dy't trochelkoar hinnerinne. Foar it sosjaal-kulturele wurk kiest it kolleezje foar in selde beneiering as foar de pont en de Hearrensylsbrêge. De hear Roorda konstatearret dat syn fraksje op deselde line sit as it kolleezje. Wurkgelegenheid is en bliuwt in spearpunt fan belied. Hy hat der alle betrouwen yn dat it kolleezje goed mei dat spearpunt omgean sil. Mevrouw Aukes bedankt de voorzitter voor de beantwoording van de vragen. In tegenstelling tot de P.v.d.A.-fractie zit haar frac tie niet helemaal op dezelfde lijn als het college. Zij blijft van mening dat er eerst een notitie over het werkgelegenheidsbe leid moet komen alvorens er een storting in het werkgelegenheids- fonds wordt gedaan. Zij hoopt dat het college wat doet met de actuele gegevens over samenwerking ten behoeve van de afvalver wijdering. Het ophalen van de melkpakken had, en dat was op voor- N0T2105/0/H/BR0UWERJ/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 7