GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehouden op 30 mei 1996 om 20.00 uur in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Aanwezig: de dames T. de Boer (wethouder), R. Santema-Jansma en L. Veldstra-Lantinga en de heren J.A. van der Baan, T. Lolkama, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof, H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg (wethouder), H. Veldstra en J. Zijlstra. Afwezig: mevrouw K. van den Berg-Wiersma (wethouder).mevrouw D.J. Aukes-Huizinga en de heren K.G. van den Berg, A.M. de Jager en H.A. Jonkers. Voorzitter: de heer Y. Dijkstra. Secretarisde heer C.I. Koffeman. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o toezegging De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat de leden Van den Berg-Wiersma, Aukes, De Jager en Jonkers behindere binne de gearkomste by te wenjen. Hy stelt oan 'e oarder de fierdere behanneling fan wurklistpunt 26. Voorstel inzake meerjarenbeleid Wet voorzieningen gehandicapten. De hear Van der Baan seit dat ien fan de meast wêzenlike saken fan de handikapten it feit is dat se sa lang mooglik selsstan- nich libje moatte kinne. As jo handikapt binne laadt dat ta in fermindering fan jo ynkommensposysje. Syn fraksje fynt dat handikapten it béste holpen wurde kinne troch in ynkommensûnôf- hinklik budzjet oan harren ta te skikken. Yn de wizigingen dy't no útsteld wurde binne noch wol feroaringen needsaaklik om in goed handikaptenbelied stél te jaan. Hy is bliid dat by de ears- te trije punten de eigen bydrage ferfalt. It is syn fraksje net nei't sin dat foar wente-oanpassings it ynkommen fan de handikap ten meitelt. Elkenien dy't oanpassingen oan de wente nedich hat moat dêrfoar folslein fergoede wurde. Dan de punten 5 en 6. Syn fraksje fynt dat de handikapten in fêst bedrach krije moatte soene. Sy kinne dan seis útmeitsje wat sy mei dat bedrach dogge. Op dy wize kinne handikapten harren selsstannichheid bewarje. Neffens him is punt 7 lyk oan punt 4 en kin dus ferfalle. It Wvgplatfoarm hat ek grutte problemen mei it ynsetten fan de 1,2 miljoen foar in algemien handikaptenbelied. Krekt as it platform fynt syn fraksje dat it jild brûkt wurde moat foar de help oan yndividuele handikapten. Hy stelt út it jild yn te setten foar yndividuele help oan handikapten. NOT3005/O/H/BROUWERJ/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 2