- 2 - Wethâlder De Boer seit dat de F.N.P. ek al op 25 oktober 1995 in ynisjatyf-ütstel yntsjinne hat. De sinjalen oer it net krekt wezen fan it beslüt fan 1989 binne opfongen. Foar de sport is der optheden gjin probleem. Mar yn Grou binne der oare saken dy't by de oerwaging meinommen wurde moatte sa as de bou fan senioarenwenten en de fraach oft it winkelbestân noch ütwreide wurde moat. Ynkoarten komt it struktuerplan oan'e oarder. Ek sil der in d.p.o.-ündersyk dien wurde. It kolleezje wol de fraach oft de sportfjilden ferpleatst wurde moatte besjen yn it grutte ramt fan wenjen, wurkjen en rekreearjen yn Boarnsterhim. Ek yn de brede diskusje mei de befolking kinne de sitewaasje rûn de sportfjilden en ek de detailhannel belutsen wurde. De hear Van der Baan fynt it antwurd fan it kolleezje net fol- dwaande. Hy wol it ynisjatyf-ütstel direkt behannelje. As de ried no in ütspraak docht is dat in düdlik sinjaal foar de ütein- like beslütfoarming. Fral de sportferienings sitte dochs wol op düdlikheid te wachtsjen. De hear Postma seit dat der rünom ferwarring is oer de ynterpre- taasje fan it beslüt fan 10 maart 1989. Wethâlder De Boer hat seis yn maaie 1996 sein dat de sport nei Meinga ta moat. Der is in tal wiken dêrfoar in brief nei it komité Nesserdyk gien dêr't yn stiet dat der noch gjin opdracht foar in ündersyk fan de ferpleatsing fan de sportfjilden nei Meinga ütgien is. Dizze twa sinjalen jouwe oan dat der gâns ûnsekerheid ûnder de sportferie nings libbet. Der sil gau düdlikheid komme moat. Dêrom wol syn fraksje it ynisjatyf-ütstel direkt behannelje. Mevrouw Aukes sluit zich aan bij de woorden van de heer Postma. Een principe-uitspraak van de raad is volgens haar fractie drin gend nodig. De hear Van den Berg is it foar in grut part iens mei de foarige sprekkers. De boargers fine dat de ried net helder is yn dit stik fan saken. Te faak wurdt achter de ûntwikkelings oanrûn en dat is in minne saak. De sportferienings wolle graach helder heid. Hy wol dan ek graach fan it kolleezje witte wannear't dy düdlikheid te ferwachtsjen is. Komt der by it struktuerplan in apart ütstel oer de Nesserdyk? Wat fynt it kolleezje derfan as de ried no in prinsipe-ütspraak docht. Wethâlder De Boer seit dat dit jier noch it struktuerplan presin- tearre wurdt. Der sil ynformaasje jûn wurde oan de doarpen en dêrnei sille de plannen bepraten wurde mei de pleatslike be langen, de doarpen en de ündernimmersDêrnei komt it struktuer plan nei de ried ta. Omt no noch net alle arguminten bekind binne wol it kolleezje wachtsje mei in ütstel oangeande de Nes serdyk. De sportferienings hawwe op dit stuit gjin praktyske problemen. Foarütskowen oant it struktuerplan liket har dan ek net sa erch. De foarsitter seit dat der fansels in konkreet ütstel komme sil oer de Nesserdyk. Yn dy sin is hy it iens mei it brief fan de F.N.P. Der binne lykwols oare saken dy't fan belang binne anneks mei dy fan de ferpleatsing fan de sportfjilden. Dêrom wol it kolleezje by it struktuerplan oer al dy saken yntegraal, op grûn fan ynhâldlike arguminten, in beslüt nimme. N0TULEN/0/H/HAINJEA/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 4