De hear Van der Baan bliuwt by syn miening dat der no in prinsi- pe-ütspraak dien wurde moat as beheining foar it struktuerplan. It kolleezje wit dan de ütgongspunten fan de ried, nammentlik dat de sportfjilden op de Nesserdyk bliuwe moatte. De hear Postma konkludearret dat de wethâlder datjinge weromnimt dat sy sein hat yn de kommisjegearkomste fan maaie 1996 oer it ferplakjen fan de sportfjilden. Hy tinkt dat troch alle oerlis dat it kolleezje wol der samar in jier foarby is. Hy wol earder dúdlikheid. De hear Zij lstra seit dat ek syn fraksje graach gau in beslis sing hawwe wol foar de sportfjilden. Hy tinkt dan oan in termyn fan likernôch in heal jier. Hy kin wol achter it kolleezje stean omt it tige wichtich is goed oer de takomst fan it griene hert fan Grou nei te tinken. Hokfoar finansjeel ramt wie der eins yn it beslút fan 1989? Ek it finansjele ramt is tige wichtich foar it struktuerplan. De hear Van der Meulen seit dat de saak al lang düdlik wêze moatten hie. It kolleezje hat al in jier de tiid hân om mei in goed útstel te kommen. Hoe lang sil it no aanst noch duorje? Hy tinkt dat der wol hiel swierwaagjende arguminten op it aljemint komme moatte foardat in beslút ta ferplakken fan de sportfjilden nommen wurde kin. Hy jout lykwols it kolleezje noch wol efkes tiid om mei in goed ütstel te kommen. De hear Oosterhof slüt him oan by de hear Van der Meulen. Hy trunet oan op it düdlik tiidspaad. Mevrouw Aukes vindt dat er niets op tegen is dat de raad een richtinggevende uitspraak doet over het al of niet verplaatsen van de sportvelden. De hear Van den Berg kin him wol fine yn de beneiering fan it kolleezje om de ferplakking fan de sportfjilden yn in bredere kontekst te setten. Hy stiet der op oan dat it struktuerplan yn jannewaris yn de WWM-kommisje presintearre wurdt en dat de ried dér in ütspraak docht. Wethâlder De Boer seit dat it kolleezje fynt dat fanüt in neutra le sitewaasje wei in goede ófwaging oangeande it struktuerplan makke wurde moat. It kolleezje wol wol in weroerwaging fan it beslüt fan 1989. De wurkwize dy't de hear Van den Berg ütstelt giet krekt yn tsjin wat der ôfpraten is oer de proseduere fan struktuerplannen en bestimmingsplannen. Sy soe dêr net fan ôfwi- ke wolle. De sinjalen fanüt de ried wei sille fansels meinommen wurde by it meitsjen fan it struktuerplan. It struktuerplan sil noch dit jier presintearre wurde oan de kommis je WWM en de sitewaas je rün de sportfjilden oan de Nes serdyk sil dêr yn meinommen wurde. Sy giet der fanüt dat it struktuerplan takom simmer hielendal klear is. De foarsitter seit dat it kolleezje dus by syn ütstel bliuwt. De foarsitter stelt üt ta stimming oer te gean oer de fraach oft it ynisjatyfütstel fan de hear Van der Baan en oaren no behanne- le wurde moat. - 3 - NOTULEN0HHAINJEA/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1996 | | pagina 5