- 9 - Overigens zal in deze discussie ook privatisering als oplossingsrich ting moeten worden meegenomen. Deze bedragen staan dan in schril contrast met de lump-sum die is uitgetrokken om alle sportvelden in onze gemeente te privatiseren. Overigens is onze fractie van mening dat de basisdiscussie zou moeten gaan of het college van mening is dat de burgers moeten kunnen zwem men in een kwalitatief goed zwembad en welke bedragen wenst de gemeen te daarvoor te betalen. Dat het zwembad ooit kostendekkend zou kunnen worden is een fictie. Met instemming nemen wij kennis dat de gemeente voornemens is een uitwerking aan een communicatieplan te geven. Een communicatieplan kan nimmer de werkelijkheid verdoezelen. Er kan nooit meer beloofd worden dan er waargemaakt kan worden. Indien dat toch gebeurt zal het effect van een communicatieplan slechts contraproduktief zijn. Eerst de winkel op orde en daarna de burger vertellen dat de winkel op orde is "It is mei sizzen net allinnich te dwaan". De hear Van den Berg seit: "De fraksje fan D66 wol út ein sette mei it meitsjen fan in kompli- mint. In komplimint foar it feit dat wy hjoed as ried prate oer de produktebegrutting 1997. Dat komplimint is rjochte oan jimme as dei- stich bestjoer, mar sûnder mis ek oan it amtlik apparaat fan ús ge meente. De amtners dy't der mei jimme foar soarge hawwe dat wy krigen hawwe wat wy oan it begjin fan ús sittingsperioade frege hawwe. Sjoen it koarte tiidsbestek dêr't dat yn realisearre is kin mei rjocht en reden praat wurde fan in geweldige prestaasje. Belieds- en behearsvnstrumintarium De foar ús lizzende produktebegrutting past alhiel yn it stribjen fan D66 om te kommen ta in better belieds- en behearsynstrumintarium foar de ried. De opset en de wize fan ynrjochtsjen fan in produktebegrut ting liedt ta in better ynsjoch yn de kosten dy't jierliks muoid binne mei it leverjen fan ús produkten. Yn gearhing mei de maaitiids- nota, de konsernrapportaazje en de jierrekken sil dat liede moatte ta in sitewaasje, wêrby op basis fan in folsleine ynformaasjefoarsjen ning de ried op 'e tiid de mooglikheden krijt om ôfwagings en kar te meitsjen om it belied as soks nedich wêze soe by te stjoeren. Graach wolle wy mei jimme de diskusje oangean oer de beliedsdoelen op basis fan beliedsprodukten en de taakstelling dy't dizze ried op koarte en langere termyn realisearre hawwe wol De maaitiidsnota en de produktebegrutting 1997. By de behanneling fan 'e maaitiidsnota hat D66 de klam lein op in twatal útgongspunten, te witten: a. it beheinen fan 'e lestedruk foar de boargers en b. it bringen fan lykwicht yn it dielnimmen yn grutte ynfestear- ringsprojekten en it bydragen oan üntjouwings dy't yn direkte sin ús ynwenners ten goede komme. By it skôgjen fan de foarlizzende begrutting hawwe wy konstatearre dat jimme kolleezje ynfolling jûn hat oan it beheinen fan 'e leste druk. Wy sjogge dat as in stap yn 'e goede rjochting. It stribjen om binnen twa of trije jierren te kommen ta in oannimlik belestingnivo stypje wy graach. Mei tefredenens hawwe wy konstatearre dat jimme harke hawwe nei ús oprop om by it fêststellen fan 'e tariven it CBS priisyndekssifer as útgongspunt te nimmen. By it besprekken fan 'e belestings en de tariven komme wy dêrop wer werom. N0T1411/0/H/BR0UWERJ/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 12