- 10 -
Op it mêd fan it stribjen nei lykwicht fait nei ús betinken noch wol
wat te dwaan. Oangeande de grutskalige projekten, lyk as de steande-
mêst-route en it Wetterfront Grou binne de earste oansetten dien en
binne middels reservearre. It wachtsjen is no (al in moai skoftsje)
op 'e neiere útwurking fan dy projekten.
Oangeande ûntjouwings foar de eigen boargers kin dat noch net sein
wurde. Hieltyd noch wurdt der wachte op belied en middels oangeande
sport, doarpshuzen, jeugd- en jongereinwurk, ensfh. Dúdlik moat wêze
dat der fan in lykwichtige ferdieling, likegoed yn omtinken as yn
middels, noch gjin sprake is.
Struktureel takomstbelied.
By de behanneling fan 'e begrutting yn 'e riedskommisje hat D66 in
driuwende oprop dien om te kommen ta in formulearjen en in fêststel-
len fan struktureel takomstbelied. Noch te faak wurde problemen yn ús
gemeente oplost mei ad hoe beslissings. Oplossings dy't op harren
beurt nei in lyts skoftsje wer liede ta nije problemen.
D66 is fan betinken dat dy siklus trochbrutsen wurde moat. Benammen
op it mêd fan wolwêzen/ sosjaal kultureel wurk kin dêr mei út ein
setten wurde. Wy moatte fêststelle dat krekt dat beliedsterrein dat
hiel sterk de kwaliteit fan it libben fan ús ynwenners bepaalt, op in
abslút nulpunt útkommen is. In skrinend konstatearjen dat raast om in
oanpak, sa't bliken docht uit al dy brieven dy't wy krije fan û.o.
sportferienings, boarterstúnferienings, bestjoeren fan doarpshuzen en
de stifting Iepenbiere Bibleteek Boarnsterhim en út de reaksjes dy't
jûn binne op 'e léste "Boarnsterhim yn Petear".
It ferlied is grut om dit razen om help wer ad hoe op te lossen, de
sinjalen dat út litte him ek no al wer sjen. Hjir wat jild út ünfoar-
sjoen, dêr wat stipe út 'e reserves en elkenien liket wer tefreden te
wêzen
D66 kin him yn dy oanpak net fine. It is no de tiid om ús boargers
dúdlik te meitsjen wat hja yn 'e takomst fan ús gemeente ferwachtsje
kinne. In earste stap dêrta is it op koarte termyn fêststellen fan
in algemien beliedsramt op it wiidweidige mêd fan wolwêzen/sosjaal
kultureel wurk. Dêryn moat oanjûn wurde wat de gemeente as har
ferantwurdlikens sjocht en op hokker wize dêryn foarsjoen wurde sil.
D66 is fan betinken dat de betrutsenens fan 'e gemeente him yn haad-
saak rjochtsje moat op twa aspekten, te witten:
noed stean foar it beskikber wêzen fan kwalitatyf goede foarsjen-
nings, troch it ferlienen fan ynvestearringssubsydzjes en
it leverjen fan in bydrage yn it grut ûnderhâld, op basis fan in
planmjittige oanpak.
De eksploitaasje en it behear en ûnderhâld hearre yn begjinsel ta de
ferantwurdlikens fan 'e gebrûker.
Wy hawwe de yndruk dat dizze útgongspunten yn 'e measte gefallen lyk
as by de sport, doarpshuzen en boarterstunen ta te passen binne, mar
faaks ek wol by it bibleteekwurk.
Op basis fan dy algemiene útgongs- punten sille neiere útwurkings it
dielbelied har beslach krije moatte. Dêrby moat it omtinken yn it
foarste plak útgean nei de sport, doarpshuzen, jeugd- en jongerein
wurk en it bibleteekwurk.
Keppele oan it ûntjaan fan belied sil meiien ek sjoen wurde moatte
nei de finansiering dêrfan. Belied sil fundearre wêze moatte op in
solide finansjele basis. D66 slút net út dat by de diskusje dêroer ek
it ynsetten fan 'e algemiene reserve yn byld komt.
It antwurd fan it kolleezje op ús fraach om te kommen ta belieds-
ûntjouwing befrediget ús net alhielSjoen de positive reaksjes fan
oare partijen yn dizze ried en jo stypjende wurden by de behanneling
yn 'e kommisje hiene wy mear dúdlikens ferwachte. Om oan te jaan dat
it ús tinken is oangeande dy problematyk hat D66 in moasje opsteld.
N0T14110/H/BROUWERJ/10