- 12 - Regearie is foarút sien. Der steane yn it oanbiedingsbrief noch wol in tal dingen en ûntjou- wings oanjûn, dêr't wy mei jimme oer prate wolle. Sa as wy lykwols by eardere begruttingsgearkomsten al oan jûn hawwe, fine wy dizze gear- komste net it momint om wiidweidich, ynhâldlik op dingen yn te gean. Hjoed giet it om it fêststellen fan 'e begrutting en dêrmei it tapart- sjen fan 'e jildlike middels foar it kommende jier. De begrutting soe feitlik neat oars wêze moatte as in finansjele fertaling fan it be- lied dat de ried earder al fêststeld hat. En dêr sit no krekt de oast! Foar in oantal beliedsfjilden driget it belied bepaald te wur- den troch de begrutting, ynstee dat de begrutting bepaald wurdt troch it troch de ried fêststelde belied. Dêrmei driget, soks hat yn 'e ôfrûne moannen oangeande de sport bliken dien, in finansjeel byntliif te ûntstean dat eins gjin kar mear jout. Dat is no krekt wat D66 graach yn't foar komme wol. Dêrom slút ik óf mei it werheljen fan ús oprop om yn 'e kommende jierren te wurkjen oan struktureel takomstbelied dêr't wy foar no en foar nei 2000 mei oanjouwe hokker kant as de gemeente út wol. Dan witte ek ús ynwenners wêr't hja oan ta binne. Regearje is ommers foarütsjen. De hear Zi ilstra seit: "De P.v.d.A. hat harsels de spegel wer ris foarhâlden, wêr lei ús start op 12 april 1994 en wer binne we no. Wat fine we noch wichtich om yn dizze riedsperioade op poaten te setten. Jimme kinne fan tinken wol hawwe dat ús start as gemeentelike partij en tige fersmoarge wie en dat tal fan ús kiezers dêr muoite mei hie- nen en noch hawwe. Us ynset is west om mei in rjochtfeardich belied wer fertrouwen te winnen by ús kiezers. Nettsjinsteande dat, binne der dochs sa no en dan wichtige saken, dy 't by ús boargers oerkomme as net earlik, net betrouber, tink mar oan de smoarge-grûnaffaire op it âlde Halbertsmaterrein yn Grou en it lange omtsjirmjen mei it te bouwen doarpshús yn Poppenwier. Dat it wol oars kin hawwe jimme ûnder oaren sjen litten yn it oerlis oer de steande mêstroute yn Wergea, de struktuerskets fan 'e Lege Geaen, de ûntsluting fan Burstum nei Akkrum en de oanpak fan it be- stimmingsplan bütengebied. It is foar ús allegearre wichtich om dizze trend troch te setten. Us ynwenners sille ús oer oardel jier hjirop beoardiele. Us tinkt gean sa troch op dizze wei, oangeande tal fan saken, lykas in struktuerfysje oer ús doarpen, privatisearing en gearwurking mei Ljouwert. Mei oare wurden hoe tinke jimme mei alle feroarings om te gean, mei ús ynwenners en harren organen dy't harren ferstjinwurdigje sa as doarpsbelangen. Dan no wer werom nei ús kolleezjeprogram. Heech yn ús findel stiet it sünmeitsjen fan ús húshâldboekje. Wy kinne stelle, dat it jimme slagge is om yn goed twa jier de sinten op in rij te krijen. In foar- jiersnota en in goed útwurke produktbegrutting meitsje in better ynsjoch mooglik yn ús dwaan en litten. Lit ús de wichtigste punten, de kernpunten kommend jier besprekke yn de ôfdielingen. As men konstatearret, dat der gjin nij belied yn ús begrutting sit, is dat in heale wierheid, ommers mei de foarsjiersnota binne tal fan winsken oanjûn, dy't foar in part al yn de begrutting ferwurke binne. N0T14110/H/BROUVERJ/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 15