- 13 -
Bygelyks
it temperjen fan 'e gemeentelike oanslagen.
mear dwaan foar ús eigen ynwenners;
wat mear romte foar minsken mei in minimum ynkommen,
jild foar doarpsfernijingsprojekten,
ûnderhâld biblioteek Akkrum,
oanset ta belied foar berneboartesplakken,
oanset ta jeugd- en jongerenbelied,
it op in rijtsje setten fan ús monuminten.
Der is dêrneist noch romte om út de post ûnfersjoen noch wat te
bekostigjen.
Wat soene jimme sizze as wij der ris foarstelle om wat foar boarters-
tunen beskikber te stellen?
Wat Fryslân fernijt oangiet komme wij yn in beslissende fase. Sa't it
der no hinne leit kin Ljouwert begrip opbringe foar ús stânpunt dat,
as wy Wergea ôfstean soene oan Ljouwert, ús gemeente in te grutte
fear litte soe en ûnder de foar ús wichtige noarm fan 18.000 ynwen
ners sak je soe en dat soe in stap efterút wêze. Der is grif wol te
praten mei de ynwenners fan Wytgaard en Wirdum oer dat dy doarpen by
ús gemeente komme soene.
Wol wolle wij ús sterk meitsje foar in hechtere gearwurking mei Ljou
wert, dan as yn it Stedsgewest. Wy tinke dêrby oan saken dy't ús
beiden oangeane en wêrby de provinsje in liedende rol spylje kin. De
oanpak fan de steande-mêstrûte soe in foaroprinder wêze kinne.
Hoe tinkt jim kolleezje fierder stâl te jaan oan dizze üntwikkeling?
"Boarnsterhim yn Petear" is sa as wy al yn ús ynlieding oanjün hawwe
in oanset om mei ús ynwenners in fertrouwensrelaasje op te bouwen.
Ek sprekt it kolleezje him út om yn relaasje hjirmei nei harren te
harkjen en sanedich it belied by te stellen.
Wy begripe út it fjild, dat de oan de sport opleine besunigings net
te heljen binne. Wurdt it ek tiid it riedsfoarstel hjiroer út 1993
op'e nij te besjen?
De berjochten dy't wy de leste tiid oer jimme ynterne organisaasje
krije wekke bij ús de yndruk, dat jimme der no echt wurk fan meitsje
om de lege plakken op te fullen en dêrmei jimme tasizzing wier te
meitsjen, om de "vervolmaking" fan de organisaasje út te fieren.
Blykber leveret de polityk net foldwaande saakkundige wethâlders,
oars soe it kabinet net beslúten hawwe om wethâlders fan büten de
sittende riedsleden, ynhiere te meien. Wij binne fan betinken dat op
dizze wize de demokrasy útholle wurdt.
As wy meiinoar net by steat binne om fia de politike kanalen goede
wethâlders oan te lûken en sadanich te beteljen dat hja der maatskip-
lik net minder op wurde, is der nei 50 jier fan frijheid en demokrasy
wat oan de hân. Faaks dat wy ús en jimme foarmannen yn it Haachske
der ris oantrune kinne om dêr wat oan te dwaan, sünder dat dat direkt
laadt ta gruttere gemeenten.
Ut de begrutting begripe wy dat ús wethâlderssalarissen oplutsen
wurde ta 100%. Dit soe der ta liede kinne en dêr geane wy ek fan út,
dat it kolleezje wurkprogramma noch earder útfierd wurde kin.
Ek is der in ferheging fan de fergoeding foar riedsleden yn opnaam.
En alhoewol it finansjeel better giet, fynt ús fraksje dizze ferhe
ging net nedich. Foaral, omdat der noch safolle ynwenners yn swiere
omstandichheden ferkere. Wat ús oanbelanget is riedswurk ek in stik
idealisme.
Wy stelle dan ek foar om dizze ferheging net troch gean te litten en
it frijkommende bedrach (f 11.000,00) foar in goed doel te bestimmen.
N0T1411/0/H/BR0UWERJ/13