- 23 - De foarsitter betanket de ried út namme fan it kolleezje en de meiwurkers foar de kompliminten en de plesierige en opbouwende toan fan de skôgings. Yn syn antwurd sil hy omtinken jaan oan de folgjende aspekten: de relaasje boarger-oerheid, de relaasje ried-kolleezje-personielde gemeentefinânsjen en de gearwurking mei oare gemeenten, benammen Ljouwert. Troch Gemeentebelangen 2000 is in soad sein oer de üntwikkeling fan it iepenbier bestjoer hjoeddedei. Wat dêrfan sein waard rekke de kearn. De oerheid hat altiten in protte macht hân. Eartiids waard der in beslút nommen en dèrmei wie it óf. Hjoedde dei leit dat oars. De oerheid moat altiten in beslút motivearje. Dêrom is it tige wichtich in draachflak foar besluten te kreear- jen. De iepenhied en belutsenheid moat befoardere wurde en de oerheid sil altiten dúdlik wêze moatte. Dat betsjut dat der mear yn gearwurking mei maatskiplike organisaasjes dien wurde moat. It kin ek betsjutte dat de oerheid macht ófstiet oan dy maatskip like organisaasjes. Gemeentebestjoeren sille ek gefoeliger wurde moatte foar de merk, al sil in gemeente nea in kommersjeel be- driuw wurde kinne. De arbeidsorganisaasje moat nei bûten keard wêze en der sille fragen steld wurde moatte as wie it in kommer sjeel bedriuw. Hy is der wiis mei dat yn it kolleezjewurkprogram in soad omtin ken jûn wurdt oan personiele aspekten fan de arbeidsorganisaas je. It doel is de organisaasje yn dizze riedsperioade op oarder te krijen. Yn it organisaasje-ûntjouwingsproses wie der earst de reduksje fan personiel, doe de reorganisaasje. No sit it proses yn de fase fan de kwaliteitsferbettering. Spearpunt dêryn is hâlding en gedrach fan personiel en ek fan bestjoerdersIt kolleezje doart de stelling oan dat it proses him op himsels goed üntjout. De motivaasje fan it personiel is tige posityf. It persintaazje syktefersom is no 5 en dêrmei is hy tige ynnom- men. De gearwurking mei O.R. en G.0. is tige goed. Sy hawwe ek begryp foar de bestjoerlike stânpunten yn bygelyks de 36-oerige wurkwike. It kolleezje kin net sûnder de ried en oarsom en beide kinne ek net sünder de meiwurkers. It docht him deugd dat de gearwurking better giet as ea. De kwaliteit fan it produkt is goed: 95 fan de fersiken oan de gemeente wurdt binnen 6 wike óf dien en is fan in ridlik niveau. De ried praat dus inkeld noch oer dy oare 5 Op himsels is dat wol begryplik. De korrekte ófhanneling bliuwt fansels in punt fan omtinken. It kolleezje stelt hege easken oan it managemint. Foar ried, kollee zje en personiel leit der in drege klus. We wolle in soad, we binne ambitieus, der binne in protte winsken. Der leit dus in grutte ferantwurdlikheid foar sawol ried, kolleezje as perso niel. It kolleezje sil de ried korrekt en betrouber ynformearje moatte, dat is in grünregel dy't net skeind wurde mei. It is dan ek terjochte dat de ried hege easken steld oan ynformaasje en it kolleezje mei dêr op oansprutsen wurde. De essinsje fan de út- stellen sil helder nei foaren komme moatte. Mar riedsleden sille ek dossiers bestudearje moatte en earne oars achtergrünynformaas- je helje moatte. It kolleezje mei ek fan de ried ferwachtsje dat dy syn ferantwurdlikheid ynfold. It ûntbrekken fan leden fan ried by stimmingen is yn tsjinstriid mei dy ferantwurdlikheid. It hat gjin pas om jin te ûntlûken oan de beslútfoarmingIt kolleezje pleitet derfoar de riedsfergoeding sa te litten as útsteld. De wetjouwer hat dy fergoeding fêststeld mei ek de gedachte dat der folie research troch riedsleden dien wurde moat. By de rekken is ferantwurding óflein foar de kosten fan adviseurs, syktekosten ensafuorthinne. N0T1411/0/H/BR0UVERJ/23

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 26