- 30 - Hy weriepenet de gearkomste om 15.25 oere. De foarsitter seit dat it kolleezje mei in ütstel oer it gear- komsteprotokol nei de kommisje AZW komt. De 5 brieven wurdt wol oan wurke. It stribjen is foar 100 tefreden boargers It kolleezje sil ynkoarten de fraksjefoarsitters útnoegje foar it opstarten fan in oerlis. It swiertepunt fan de begruttingssyklus heart by de maitiidsnota te lizzen. De algemiene skôgings binne dêr op syn plak. It ütstel om de riedsstikken fergees beskikber te stellen giet it kolleezje te fier. Yn it kommunikaasjeplan sil dêr omtinken oan jün wurde. Nei ryp beried hat it kolleezje besletten dat de riedsstikken om e nocht ôfhelle wurde kinne. By tastjoeren wurde de ferstjoerkosten yn rekken brocht. De hear Oosterhof seit dat syn fraksje it dêr net mei iens is. De foarsitter seit dat it ynset fan it kommunikaasjeplan wêze sil dat de belutsenens fan 'e boargers ferhege wurdt. Dat kin foar in part oersetten wurde trochdat yn begjinsel de riedsstik ken om 'e nocht ôfhelle wurde kinne. De hear Postma fynt dat it kolleezje in üneiglike keppeling oanbringt tusken it kommunikaasjeplan en it ferstrekken van ynformaasje. De foarsitter seit dat der wol petearen west hawwe oer it Wilhel- minapark. Der wurdt besocht fia wurkgelegenheidsprojekten wat oan it park te dwaan. Mar der binne in tal problemen wêrtroch der net direkt mei it opknappen begün wurde kin, mar it kollee zje bliuwt aktyf dwaande. It belang fan hélding en gedrach is folslein düdlik. Mei hege easken wurde de ynhâldfolle eleminten bedoeld, sa't de fraksje fan Gemeentebelangen 2000 dy neamde. Der is 5 syktefersom, ynklusyf de lang-siiken. Ynset fan it personiel en de lieding makket dat it echt de goede kant op giet. Koartlyn is it rapport Peiling besprutsen. Dêr is fêststeld dat der in tal ferbetterpunten binne op it mêd fan de kultuer. In tal kommunikative eleminten binne dêrby fan grut belang. De ried hat yn it kolleezjewurkprogram ek sein dat de kommunikaasje mei de boargers ferbettere wurde moat. Dat eksterne en it ynterne proses kinne elkoar fine yn in kommunikaasjeplan. Foar it akwadukt Langdeel bliuwt it bedrach 1,75 miljoen, net mear. As der foar in lytser bedrach wat goeds komme kin moat dat fansels wol. De bydrage fan it bedriuw bliuwt oan 'e oarder. It kolleezje is fan betinken dat der net te maklik mei ûnfoar- sjoen omgien wurde moat. Hy ferwachtet ynkoarten noch sirkulai- res fan it ministearje fan Ynlânske Saken. Hy tinkt dat it goed is it kontakt mei de doarpen te yntensivear- jen. De doarpen sil ek nei harren miening dêroer frege wurde. Wethâlder De Boer seit dat it Arbeidsbureau mei in fêstiging nei Grou komt yn gearwurking mei Start en de gemeente. It Arbeidsbu reau wol it leafst yn it sintrum fan Grou sitte, mar is der noch net yn slagge in lokaasje te finen. It is noch yn petear oft immen fan Sosjale Saken yn it Arbeidsbureau sitte sil. N0T1411/0/H/BR0UWERJ/30

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 33