- 2 -
De hear Van der Meulen. Wêr it neffens ús om giet is dat wy wer ta
in werkbare sitewaasje komme, wêryn de gemeente sa goed mooglik be
st joerd wurde kin. Wy hawwe alles yn it wurk steld om de fakatuere
fan mefrou De Boer ynfolle te krijen. Wy hawwe by alle partijen lâns
west mei de fraach: "Binne jimme ree in wethâlder te leverjen". Dat
is oant no ta net slagge en dat spyt ús. Wol hawwe hja tasein dat se
ree binne ús de kommende tiid te steunen. Op himsels is dat hiel
posityf, mar wat hâldt dat no krekt yn. Ik tink dat wy dêr fan 'e jûn
ek oer prate moatte yn hoefiere sy ree binne it kolleezje it bestjoe-
ren mooglik te meitsjen de kommende tiid. Hoe sjocht men dat. Wy
hawwe dêr wol in miening oer. Ik tink ek dat it goed is dat wy dizze
jûn ôfslute mei in moasje dêr't wy yn oan jouwe hoe't wy fierder
moatte. Jûn is it de tiid om der mei syn allen út te kommen hoe't wy
fierder geane.
De hear JonkersIk denk dat onze fractie met de andere fracties mag
constateren dat wij in een betreurenswaardige situatie zijn aan
geland. Dat wij worden geconfronteerd met kennelijk verkeerde kies
lijst- samenstellingen. Dat verwijt mogen wij ons zelf ook maken als
Gemeentebelangen. Dat zou kunnen leiden tot een discussie over de
continuïteit van de locale politiek. Waar haal je de tijd vandaan en
wie stelt zijn tijd nog beschikbaar. Hoe kun je waarborgen dat overal
en altijd kwaliteit kan worden geboden. Ik vind dit een ernstige zaak
en ik kan me voorstellen dat we er nog eens een keer in breder ver
band over zouden praten hoe dat in de toekomst, bij de volgende ver
kiezingen moet. Want je zou je toch kunnen voorstellen dat het pret
tig is dat je een college kunt samenstellen in een gemeente. Er zijn
bepaalde woorden gebezigd: het woord gedogen is gevallen, gedoog-
steun, onvoorwaardelijke steun, en last but not least D66 in de krant
bij monde van de heer Van den Berg, volwaardige steun. Wij wilden als
fractie Gemeentebelangen ons beperken tot "waardige steun" aan dit
college. Wij blijven dat op dezelfde constructieve wijze doen. De
steun is er.
De hear Van den Berg. Wy fine dat der no in ein komme moat oan de
ûndúdlikheid. De formele status fan mefrou De Boer as wethâlder rint
hjoed óf. Wy fine it nedich foar de gemeente en ek foar ús ynwenners
dat der no dúdlikens komt fan "Wat kin der wol yn dizze gemeente en
wat kin der net." It liket my ferstannich om efkes koart werom te
gean nei de riedsgearkomste fan 20 desimber, dêr't nei myn opiny
trije opsjes yn byld wiene op dat stuit.
As earste it wol of net oanfaarden fan it weromtreden fan mefrou De
Boer. Oan 'e ried lei op dat stuit in brief foar fan mefrou De Boer
wêryn sy har fertrek oankundige en ek motivearre. Ik konstatearje
dat wy oer dat brief eins hielendal net praat hawwe.
Guon fraksjes hawwe harren benammen rjochte op it brief fan 'e boarge-
master fan 14" desimber mar it brief fan mefrou De Boer hat eins net
oan 'e oarder west. Ik tink dat wy konstatearje moatte dat der op dat
stuit eins net besocht is om mefrou De Boer, dan wol de Partij van de
Arbeid, nochris te beweegjen de diskusje yn it kolleezje fuort te
setten. De ried hat it ûntslachbrief fan mefrou De Boer foar kennis-
jouwing oannaam en hat dêrmei feitliken har weromtreden akseptearre.
In oare opsje hie west dat men de sittende wethâlders ferantwurdlik
steld hie foar it fertrek fan mefrou De Boer. Utkomst fan dy diskusje
hie wêze kind dat de mearderheid fan dizze ried syn ûngenoegen út-
sprutsen hie oer it optreden fan 'e sittende wethâlders en feitliken
it fertrouwen opsein hie. Efkes like it der neffens my ek op dat soks
barre soe.
FERSLACH.ERG/BS/CB/HOEFG/2