- 3 - Under in lange "schorsing" hie ik der al rekkening mei hélden dat de dêrby belutsen fraksjes mei in nij kolleezje komme soene. Of dat no yn it beried oan 'e oarder west hat? Wat der no krekt al of net bard is en werom dat wite wy oant op 't heden net. Konklúzje dy't je lûke kinne is: de wethélders dy't der noch sieten, koene bliuwe en mochten harren wurk fuortsette. Dan lei noch de tredde opsje foar, de fraach oer it ynfoljen fan 'e ûntstiene fakatuere. No't oan de beide earste opsjes gjin gefolch jûn wie, wie de tredde opsje: Wy leverje in tredde wethélder. Dat hat eins hielendal net oan 'e oarder west. De ried hat him net útsprut- sen oer de fakatuere dyt't ûntstien is. Dêrom hawe CDA en D66 byel- koar sitten en sjoen hoe moatte wy no fierder. De útkomst fan dat oerlis wie dat wy ûnferoare ús ynsette soene foar it ynfoljen fan 'e fakatuere, mei in kandidaatwethélder út de WD, dan wol de FNP of GB2000 Wy hawwe dy fraach earst foarlein oan 'e WD. Wy hiene in bytsje de yndruk dat wy op 'e goeie wei wiene, mar spitigernôch moasten wy konstatearje dat wy der net útkamen en dat wy net fan 'e WVD-side in kandidaat foardroegen krigen. Wol wie men ree om steun te ferlienen ûnder it motto Mei twa kin it ek wol." Dêrnei hawwe wy dy fraach foarlein oan 'e FNP en dêr moasten wy fernimme dat ek de FNP net by steat wie in kandidaat wethélder te leverjen. Foar harren jilde ek de reewilligens om steun te ferlienen oan 'e sittende wethélders. By GB2000 hawwe wy de fraach ek foar lein en dêr ek wie it antwurd: "Gjin wethélder" mar wol de reewilligens om steun te ferlienen, mar gjin steun sûnder betingsten. It mei helder wêze dat it freegjen om "steun sûnder betingsten" nimmer 'út in stik of út in dokumint fan D66 en CDA te heljen fait. Dy eask hawwe wy nimmer op 'e tafel lein. Hjoed ek kinne wy dêr noch wer stikken oer léze yn 'e Mid Frieslan- der. Wy hawwe de ferwachting en de winsk útsprutsen om steun en wy binne ús hiel wol bewust dat politike steun in priis hat. En wy hiene dy priis graach hearre wollen. Jo kinne jo foarstelle dat wy mei de útkomst net bliid binne. Der is feitliken gjin sicht op in tredde wethélder, der leit in advys om fierder te gean mei de twa sittende wethélders en dat op basis fan in noch neier te formulearjen steun- foarm. Wy hawwe ús as CDA en D66 ek op dat antwurd beret. Dat hat der ta laat dat wy op in stuit foarsteld hawwe om in ûnôfhinklike advi seur, fan bûten de gemeente Boarnsterhim, yn te skeakeljen dy't op basis fan in analise fan de hjoeddeiske stén fan saken oan 'e gemeen- teried útstellen dwaan soe die liede koene ta in wurkbere sitewaasje. Wy hawwe dat brief foarlein oan alle fraksjes fertsjintwurdige oan dizze tafel. Ik haw harren ôfsûnderlik benadere en op 'e hichte brocht fan it brief en fan it feit dat ik alle partijen ôfsûnderlik benadere haw. Us konklúzje moast wêze dat der gjin steun wie fan 'e side fan WD, FNP en GB200 en dat dêrmei yn wêzen ús ynisjatyf net mear in folweardich ynnisjatyf wie. Wy hawwe it dan ek oan 'e kant skood. Der is -no eins noch mar ien opsje, trochgean mei de twa sitten de wethélders. Want by nafraach hat bliken dien dat de Partij van de Arbeid net ree is in wethélder te leverjen. Dy opsje is eins foar D66 net akseptabel, omdat de PvdA as grutste fraksje har ûnttrekt oan it dragen fan bestjoersferantwurdlikensEn dat ûnder it mom fan: "Wy steane oan 'e sydline, wy wachtsje efkes óf." Ek net akseptabel omdat wy eins konstatearje moatte dat der ek fan 'e kant fan WD, FNP en GB2000, hoewol't sy beskikke oer romme bestjoerlike ûnderfining, politike feardigens en kennis en kwaliteiten net by steat binne in wethélder te leverjen. Ek net akseptabel omdat yn ófwiking fan it riedsprogramma en it kolleezjewurkplan ynstee fan trije wethélders no twa wethélders de kar lûke moatte, wylst der yn't foar dochs sprake wie fan "overbeladen" portefuljes, dêr't wat oan dien wurde moast. FERSLACH.ERG/BS/CB/H0EFG/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 43