- 4 - It moat dúdlik wêze dat wy djip teloarsteld binne oer de gong fan saken. Oan 'e bestjoerlike ûndúdlikens moat no in ein komme en dat kin allinne mar as dizze ried dúdlike útspraken docht. Mefrou Veldstra. In heldere taljochting by de wurklist hie neffens ús op syn plak west, want sa is der hast gjin tarieding mooglik. Wêrom earst net mei de folsleine ried oerlizze. De fraach dy't by it CDA weikomt is: "Wannear't wy fierder geane mei twa wethâlders, wat dan?" Us tinkt dat wy dan ek formeel beslute moatte om yn 'e takomst mei twa wethâlders fierder te gean. Wat de stipe oanbelanget wolle wy as FNP in positive meiwurking jaan. Wy fine dat wannear't wy ütsprekke dat wy fierder geane mei twa wethâlders, wy dêr gjin beting- sten oan ferbine kinne. Wy moatte meiinoar besykje it betrouwen wer yn elkoar te krijen en mei syn allen wat fan dizze gemeente meitsje. Wy wolle gjin kommisjes, gjin adviseurs en gjin wize manlju of frou- lju, wy tinke net dat dat de oplossing is. Der moat gewoan in heldere útspraak komme. Wy binne hiel benijd nei de ynhâld fan 'e moasje dy't krekt nei foaren brocht is. Us partij is net by steat om in wethâlder te leverjen. De hear Zijlstra. Wy komme hjir ek in bytsje "onvoorbereid". Wy hawwe net by it foaroerlis west. It liket ús in swiere takomst as de twa sittende wethâlders no alles útfiere moatte. Wy sille besykje ús datoangeande nuchter op te stellen en alles wat op 'e tafel komt bes jen op wat it béste is foar de gemeente. Yn wêzen wurde wy in opposysjeparty, mar dan wol op reële basis. As jo fierder moatte mei in kolleezje dat yn wêzen steunt op fiif minsken, dan bart der it selde as no as men begjint te sjitten. Ik sjoch it swier yn as wy it kommende jier sa fierder moatte. Wy hiene wol akkoart gien mei in adviseur, hawwe der seis in namme foar neamd. Dy hie mooglik oan it ljocht bringe kinnen wat der krekt mis is hjirre. Wy hawwe net fer- gees hjir twa of tri je jier lyn ek sitten. Dat âlde sear is troch wrotten en wy binne yn wêzen strûkele oer it CDA. Wy wolle yn dizze gearstalling net fierder. Wy wolle net langer dat ús wethâlder yn dit kolleezje meidocht, sa't it der no hinne leit. As de gearstalling fan it kolleezje feroaret binne wy net te beroerd om folweardich mei te dwaan. Us gemeente hat it eins net fertsjinne dat wy no fierder geane mei in heal kolleezje. It is miskien allegear wol begûn mei in moasje fan wantrouwen foar ús wethâlder oer it Wetterfront. Wy hawwe noch hieltyd it folste fertrouwen yn ús wethâlder. Dy't de saken miskien net sa goed nei foaren bringt, mar de saak net besoademiteret Mefrou AukesWij zijn erg teleurgesteld dat dit college niet in staat is bepaalde crises te overwinnen. Was "het waterfront" wel de werkelijke oorzaak van deze crisis? Wij twijfelen daar nog steeds aan, want een hecht team laat elkaar niet los. Vraag voor ons is: "Hoe hecht was de samenwerking in dit college?" Hoe nu verder? Wij denken: "Een herverdeling van portefeuilles en maak er dan maar het beste van." De WD geeft hen het zelfde fiat als drie jaar geleden aan het college. Wij zullen ook in de toekomst eventuele voorstellen op hun waarde beoordelen. Een volwaardige steun, maar op voorhand zeker niet onvoorwaardelijk. CDA en D66 moeten niet bang zijn voor koudwatervreesmaar wat meer vertrouwen hebbenHet verwondert mij te horen dat CDA en D66 een motie achter de hand hebbben. Laat ze liever zelf eerst aangeven wat zij willen. Ik weet niet wat er in de motie staat, maar als dat een soort dictaat wordt, dan hoeven al deze woorden niet gesproken te worden. FERSLACH.ERG/BS/CB/HOEFG/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 44