ly - 8 - As dat no net kin betreur ik dat en ik fyn dat dat de oannimlikens yn 'e polityk op himsels oantaast. De boargers fan dizze gemeente hawwe rjocht op in sa sterk mooglik deistich bestjoer. Men moat hjoed de dei slachfeardich operearje kinne. As de ried neilit om sa'n deis tich bestjoer te formearen, dan wol ik graach opmurken hawwe dat ik dat betreur. De foarsitter ûnderbrekt de gearkomste om 19.35 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 19.50 oere. Mefrou Velstra Ik hie om in ûnderbrekking frege omt ik efkes mei de partijleden oerlizze woe. Wy hawwe de moasje besjoen en wolle graach noch efkes fan gedachten wikselje mei alle partijen. Sy freget dèrom nochris om in ünderbrekking De foarsetter ünderbrekt de gearkomste om 19.51 oere op 'e nij Hy weriepenet om 20.00 oere. Mefrou AukesEr is zojuist overleg gevoerd over de motie met de partijen die hem ingediend hebben en met andere partijen die daar nog over wilden praten, te weten de FNP, GB2000 en de WD. Zij hebben gemeend een zin aan de motie te moeten toevoegen. De motie blijft dan overeind, maar eindigt met de zin: "Zodat het college van burge meester en wethouders voort kan gaan met de uitvoering van het vige rende collegewerkprogranmmma 1994-1998, MET DIEN VERSTANDE, DAT DE RAAD ZIJN POSITIEF-KRITISCHE HOUDING HANDHAAFT, en gaat over tot de orde van de dag. Met die motie kunnen wij leven. De moasje wurdt yn stemming brocht. Foar stemme: H.G. Postma, mefrou R. Santema-Jansma, mefrou L. Veld- stra-Lantinga, mefrou D. Aukes-Huizinga, mefrou K. van den Berg-Wier- sma, A.M. de Jager, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof, K.G. van den Berg, J.H. Smittenberg. Tsjin stemme: J.Roorda, H. Veldstra, J. Zijlstra, T. Lolkama en me frou T. de Boer. De foarsitter. De wizige moasje is mei alve stimmen foar en fiif tsjin oannommen. Dêrmei hat de ried yn mearderheid besletten om it fertrouwen út te sprekken yn it sittende kolleezje, de krityske hal- ding te bewarjen en mei twa wethâlders fierder te gean. De foarsitter slút de gearkomste om 20.05 oere en winsket elkenien wol thús Sa fêststeld yn 'e iepenbiere gearkomste fan 18 febrewaris 1997, de siktaris, (mefrou A.M.E. van der Sluijs) FERSLACHERGBSCBHOEFG8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 48