- 6 - Mefrou Santema seit dat yn de taryfstelling in lykwicht socht is mei oare pontsjes. Der soe ek nochris sjoen wurde kinne nei it brûken fan in 12-rittenkaart as in seizoenkaart. Yn de kommisje hat har fraksje ek oantrune op in enerzjysunige motor. Miskien soe dat yn 'e takomst lykwols noch wol mooglik wêze. De hear De Jager seit dat syn fraksje dit in helder en konstruk- tyf útstel fynt, dêr't hy tige wiis mei is. It tiidstip is tige geunstich, it is ommers pas jannewaris en sa kin de foarsjenning moai foar de simmer rûn wêze. Der leit in heldere finansjele grûn ûnder dit útstelEltsenien wurket en docht meiDit is eins Boarnsterhim op syn bést. Hy freget noch omtinken foar de fersekeringen oangeande it oanfarringsrisiko en it ûngefallenri- siko foar opfarrenden. De hear Postma seit dat syn fraksje tige ynnommen is mei dit ütstel. It partikuliere ynisjatyf is hjirby tige wichtich. Der is in grut priisferskil tusken in dieselmotor en in motor dy't draait op sinne-enerzjy; hy hat him der wol oer fernuvere. Hy fynt dat de doelstelling foar de takomst dochs in miljeufreonli- ke motor wêze moat. Is der gjin oare mooglikheid as no troch it kolleezje oanjün. Hy tinkt dat der wol alternativen binne, dy't in stik goedkeaper binne dan de heechste offerte. Hy freget it koleezje mei klam dêr nochris goed nei te sjen. De hear Van den Berg kin him oanslute by de wurden fan de hear Postma. Hy soe graach de eksploitaasjeoerienkomst ynsjen wolle. Wethouder Van den Berg is ingenomen met de positieve reacties. In de commissie is uitgebreid over tal van aspecten gesproken. Daar is geconstateerd dat een pontje met een dieselmotor binnen het budget haalbaar is. Het college zal nog met de Stichting Grou Aktief om tafel om onder andere over een bio-dieselmotor te praten. Het projekt wordt al uitgevoerd in een werk-met-werk- situatie met andere organisaties. Zij ziet geen kans om Melkert- banen binnen te halen. Ook voor sponsormogelijkheden is het eigenlijk al te laat. De seizoenkaart zal zij ook in het gesprek met de Stichting Grou Aktief naar voren brengen. De conceptbruik leenovereenkomst zal ter kennisname aan de commissie A.Z.W. worden voorgelegd. Exploitatie en bedieningstijden vallen onder de uitvoeringsregels en die worden door het college in samen werking met de Stichting Grou Aktief uitgevoerd. Er zal bekeken worden of binnen het krediet een elektromotor ook een mogelijk heid is. De hear Roorda seit dat brêge-iepeningstiiden ek in riedssaak binne. Neffens him soe dat ek jilde kinne foar de pontbetsjin- ningstiiden. Hy giet der fanút dat yn 'e takomst taryfswizigin- gen en pontbetsjinningstiiden weromkomme yn de kommisje AZW. Hy fynt it hiel gewoan dat de ried net allinne oer de oerienkomst mar ek oer de útfieringsregels ynformearre wurdt. It is him noch net dúdlik oft de mooglikheden fan útfiering yn it ramt fan in wurkgelegenheidsprojekt ûndersocht is. Oanlis fan foarsjennings soe folie better kinne yn sa 'n wurkgelegenheidsprojekt. Ommers, it arbeidslean is sa 's twa-tredde fan alle kosten. Der binne ek Melkertbanen foar de toeristyske sektor beskikber. Hy slút him oan by suggestje fan Gemeentebelangen om alternativen te besjen. As foarbyld neamt hy it pontsje by Sumar. N0T2101/0/H/BR0UWERJ/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 54