- 8 - De hear Oosterhof seit dat hy tsjin it keazen scenario is. Plano- logysk en ynfrastruktureel hat dy kar te grutte gefolgen. Yn scenario 2.1. wurde de. grûnkosten wol meirekkene en yn scenario 3.2 net wylst dat wol moat omt de grûn achter it riedhûs ek in wearde hat De hear Zi ilstra seit dat de kommisje in knap stikje wurk levere hat. Hy freget him lykwols óf wat de finansjele konsekwinsjes binne fan de kar foar scenario 3.2. Wa docht it fierdere ünder- syk? De grutte fraach is: is scenario 3.2. helber. De foarsitter seit dat der in pear ynformative fragen steld binne. Dat de priizen sa ticht byelkoar lizze is it gefolch fan de kar foar ienhiedspriizen. It kolleezje seit ta dat ek de PMposten meinommen wurde sille yn de opdracht. Der sil ynkoarten mei Pleatslik Belang oerlis plakfine oer it Wilhelminapark. Grûn, dy't eigendom is fan de gemeente fertsjintwurdicht in wearde en dat sil ek ynsichtlik makke wurde. Der sil yndied noch in soad finansjele kreativiteit nedich wêze om de plannen wier te meitsjen. It kolleezje seit ta alles dêr oan te dwaan. Hy betanket de leden fan de kommisje en yn it bysûnder de 3 leden fanút de befolking wei en de meiwurkers foar harren meiwurking. De hear Van der Baan giet der akkoart met dat it Wilhelminapark yn de plannen belutsen wurdt. Yn de kommisje hat hy dêr in foarset ta jûn en dêr koe elkenien him yn fine. Hy tinkt dat it goed is earst te witten wat der yn 'e ponge sit. Dan sil no al alle kreativiteit brûkt wurde moatte om de plannen te realisear- jen. De hear De Jager seit dat hy der tige bliid mei is dat ek it kolleezje de eagen iepen hat foar de takomst en dat saken as bestjoerlike fernijing en yntergemeentlike gearwurking alle omtinken hawwe. Mevrouw Aukes zegt dat het nu lijkt dat de F.N.P. met het idee van het Wilhelminapark is gekomen en dat is niet zo. Al in de ad-hoc-commissie is dat idee ter sprake gekomen. De commissie deelde ook de zorg van de raad ten aanzien van de financiering. De hear Van der Baan jout de kommisje-ad-hoc de ear dy't him takomt De foarsitter betanket mefrou Aukes foar har oanfolling. Yn de kommisje is ek sein dat it gjin luks gebou hoecht te wurden. It kolleezje nimt de opdracht fan de ried oan om scenario 3.2 fier der út te wurkjen sa as yn it advys fan de kommisje oanjün stiet. Hy konstatearret dat de hiele ried, útsein de hear Oosterhof ynstimme kin mei it advys fan de kommisje-ad-hoc. 6Voorstel tot het nemen van een voorbereidingsbesluit voor meerde re per cel en/gebieden op grond van artikel 21 van de Wet op de Ruimtelijke Ordening. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. N0T1803/0/H/BR0UVERJ/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 10