- 10 - De foarsitter seit ta dat de kostenberekkening yn de kommisje oan 'e oarder steld wurde sil. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 10Voorstel inzake vaststelling van de verordening inzake de Winkel- ti idenwet De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje net bliid is mei dit útstel. Fral lytse bedriuwen (ienmanssaken) sille it dreech krije troch de sneinsiepening. It soe betsjutte kinne dat dy lytse saken út de doarpen ferdwine en dat lânlike ketens dy plakken opfolje. Syn fraksje soe dat tige spitich fine omt sa it doarpse karakter ferdwynt. De snein moat in rêstdei en dus in frije dei bliuwe. As dy frije dei net yn eare hâlden wurdt komt it ta in komplete 24-oere-maatskippijSyn fraksje fynt dat de ried dit net tastean moat en dat der net allinne rekken hâlden wurde moat mei de belangen fan de ûndernimmers en de konsuminten mar ek mei dy fan de wurknimmers. Dat de ündernimmers yn Grou rekken hâlde mei de tsjerkegong fynt hy posityf. Dochs is syn fraksje út prinsipe tsjin de ferromming fan de iepeningstiiden. De hear Van der Baan kin in hiel ein mei de hear Van der Meulen meigean. Nei de oarloch wie eltsenien bliid mei de slutings- tiiden en dat wurdt no wer wat weromdraaid. Binnen de middenstan klinke der ferskillende lûden en it útstel is dus basearre op in wiffe basis. Syn fraksje soe leaver it gefal in ûntheffing jaan wolle. Hy giet nettsjinsteande syn betinkingen dochs akkoart mei it útstel. De hear Van den Berg seit dat it útstel ynjûn is troch maatskip- like ûntwikkelings dy't koart gearfette wurde ûnder de beneaming 24-oere-maatskippijBoarnsterhim is lykwols gjin eilân en kin net foarbygean oan dizze üntwikkeling. Hy fynt dat der mei dit útstel op in goede wize ynspile wurdt op it ferlet dat der is en hy giet dan ek akkoart mei it útstel De foarsitter seit dat it kolleezje ek fynt dat der mei de maat- skiplike ûntwikkelingen en de wetjouwing meigien wurde moat. De hear Van der Meulen neamde 2 oerwagingen dy't fan belang binne, nammentlik it sosjale en it religieuze aspekt. It kolleezje fynt, dy twa aspekten meiweagjendedat der in akseptabel útstel leit. It feit dat de ündernimmers sneins pas nei de middei iepen gean wolle fertsjinnet alle respekt. Net yn alle doarpen sil gebrûk makke wurde fan dizze regeling. Der sil elts jier oerlis mei de ündernimmers wêze en it kolleezje kin dan elts jier mei betingsten komme en dy oan de ried foarlizze. It kolleezje komt mei wifeling mei dit útstel. De hear Van der Meulen wurdearret de konstruktive bydrage fan de ündernimmers hiel bot. Hy fynt lykwols dat de ried net altiten meigean hoecht mei maatskiplike üntwikkelingsHy soe him ek troch middel fan it net iepen gean fan de winkels op snein profi- learje kinne. Syn fraksje bliuwt by syn stânpunt. De hear Veldstra seit dat rommere iepeningstiiden net betsjut dat der mear keapkracht komt. Hy fynt ek dat der omtinken wêze moat foar it sosjale aspekt. Syn fraksje kin ynstimme mei it útstel N0X18030/H/BROUWERJ10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 12