- 2 - Wethouder Smittenberg zegt dat deze zaak inderdaad al enige tijd loopt. Er is enige malen contact geweest met de firma Talsma. Het college heeft besloten dat er een vervolgonderzoek zal plaatsvinden. Over de voortgang zal overleg gevoerd worden met de firma Talsma en ook met het Aid Slot. De resultaten daarvan zullen in de commissie aan de orde komen. Nummer 6 Mefrou De Boer wol graach dat dit stik yn de kommisje behannele wurdt De hear Van der Baan giet it te fier om dit stik yn de kommisje te behanneljen. Hy hopet dat dit brief foar earnst nommen wurdt en dat de gemeentlike heffingen omleech geane. De foarsitter seit dat it ek de soarch fan it kolleezje is om de heffingen omleech te bringen. Wethouder Van den Berg zegt dat de afdoening door het college als mededeling aan de commissie zal worden gestuurd. Nummer 7 De hear Van den Berg seit dat hy him lykfine kin yn it brief fan it kolleezje. De hear Van der Baan is it dêr mei iens. As direkteuren fan skoallen miene dat it belied net doocht dan moatte se dat op in oare wize kenber meitsje. Ek de hear Van der Meulen kin him dêr by oanslute. Wethouder Smittenberg zegt dat er na overleg met de directeuren van de basisscholen geen verschil van inzicht meer bestaat. Nummer 8: De foarsitter stelt fêst dat it ynisjatyfútstel foldwaande ûnder- tekene is. It kin yn besprek komme. De hear Ziilstra seit dat syn fraksje op wurkbesite yn Sibrandabuorren west hat en dêr waard de soarch oer it fuortbe- stean fan de skoalle dúdlik. By it bestimmingsplan foar de Le- geaen wie der in fraach nei huzen foar Sibrandabuorren foar de eigen ynwenners en dêrtroch ek foar de skoalle. Der wurde hylti- ten mear taken fan it ryk nei de gemeente ta skood. Der is ûnder- tusken in ûnderwiisbeliedsplan. Mar eins is dat in personielsbe- liedsplan. Tuskentiids reitsje guon dingen op de achtergrûn. Dat jildt ek foar de skoalle fan Sibrandabuorren. Syn fraksje wol troch dizze moasje omtinken freegje foar dy skoalle. Yn it brief fan de kollega-direkteuren sprutsen ek sy harren soarch út. Sa'n brief jout útdrukking oan de solidariteit mei in kollega yn in oar doarp. As it it kolleezje mienens is dan moat der wat foar de skoalle yn Sibrandabuorren dien wurde as stipe ek foar de langere termyn. De tekst van het initiatiefvoorstel is: De gemeenteraad van Boarnsterhim in vergadering bijeen op 18 maart 1997 spreekt uit dat de openbare basisschool te Sibrandabuorren moet blijven bestaan; N0T18030/H/BROUWERJ2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 4