- 4 - Mefrou Santema seit dat ek har fraksje him ôffreget wêrom de fraksje fan de P.v.d.A. mei dit ütstel komt. De skoalle yn Sibrandabuorren bliuwt ommers de earste jierren in trije-klassi- ge skoalle. Dat de lytse skoallen bestean bliuwe moatte is har fraksje it mei iens. Dit ynisjatyf-útstel soe bést ris ave- rjochts wurkje kinne oangeande it hiele ûnderwiisbeliedsplan. De ynwenners yn de Legeaen sille harren sterk meitsje moatte foar it iepenbier ûnderwiis yn dat gebiet. Sy kinne dêrby op stipe fan de polityk yn Boarnsterhim rekkenje. De hear Ziilstra seit dat as de ried útsprekt dat de skoalle yn Sibrandabuorren bestean bliuwe moat men dat dan wit yn Sibrandabuorren. Syn fraksje is fan betinken dat der mear dien wurde kin as dat it kolleezje no docht. Yn elts gefal jout ek it brief fan de oare direkteuren harren soarch oan. Dat is in wich- tich sinjaal. Dat oare riedsleden dêr sa maklik oan foarby geane sprekt in soarte fan minachting út. De hear Van den Berg ynterumpearretIt soe net best wêze as eltse, himsels respektearjende amtner, brieven oan de ried stjoe- re soe. De hear Ziilstra seit dat it him tige fan de hear Van der Baan óffait dat dy oer reade kaarten en losse flodders sprekt. De hear Van der Baan hat him altiten sterk makke foar de lytse skoallen en hy kin syn reaksje, ek yn de rjochting fan de kol- lega-direkteuren yn it basisûnderwiis dan ek net begripe. Syn fraksje wol Sibrandabuorren op de foargrûn helje. By it kol leezje binne ferskillende mooglikheden bekind, sa as dependance- foarming en gearwurking mei TersoalIt brief fan de direkteuren stiet hielendal los fan de moasje dy't syn fraksje yntsjinnet. As de direkteuren mei oplossingen yn harren brief kommen wiene hiene se fêst noch in lilker antwurd fan harren gesach krigen. Syn fraksje rün lykwols al earder mei it idee fan in moasje om. Wethouder Smittenberg zegt dat er met de directeuren overleg is geweest. Er bestaat geen verschil van inzicht. De opmerkingen van de heer Zijlstra hebben dus geen enkele bestaansgrond. De hear Ziilstra tinkt dat it CDA net sa mei de moasje ynnommen is omt der flakby Sibrandabuorren ek in skoalle mei in oare sinjatuer is dy't ek net safolle bern hat. De hear Van der Meulen ynterrumpearretDe kleur fan syn partij hat neat te krijen mei syn miening oer de skoalle yn Sibrandabuorren. As de hear Zijlstra it CDA ferwiten makket moat hy dêr rün foar útkomme. De hear Ziilstra seit dat hy gjin ferwiten útsprekt. Syn fraksje docht mei dizze moasje in poging de skoalle yn Sibrandabuorren in hert ûnder de riem te stekken. It is perfoarst net in polityk spultsje. Wethouder Smittenberg vindt de motie niet in het belang van de school. Punt a. van de motie is te eenvoudig geformuleerd. Uit punt b. spreekt een gebrek aan vertrouwen in het college. En met punt c. kan het college niet uit de voeten. N0T18030/H/BR0UVERJ/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 6