- 5 - De heer Jonkers zegt dat in eerste termijn een groot aantal leden van de raad al gezegd heeft deze motie overbodig te vin den. Zijn mening is niet veranderd. De hear Van den Berg seit dat der sawol by de ried as by it kolleezje in soarch bestiet oer de skoalle yn Sibrandabuorren. De ried toant ynset en it kolleezje docht al it mooglike. Ut it ynisjatyf-útstel fan de P.v.d.A. docht wol bliken dat opposysje- fieren tige dreech is. De hear Van der Baan fynt it betooch fan de hear Zijlstra himel- tergjend. As de hear Zijlstra stelt dat hy de âld-kollega's ôffalt dan docht hy dat ek. As haden fan skoallen oer in ûnder- werp fan oerlis mei de wethâlder in wike letter in brief skriuwe oan de ried dan is dat in ferkearde hannelwize. Ut it ynisjatyf- útstel priuwt hy in moasje fan wantrouwen en syn fraksje ûnder- skriuwt dat yn it gehiel net. Syn fraksje fynt it boppedat in oerstallich útstelDe fraksje fan de P.v.d.A. sil in oare kon- struktive wei fan opposysjefieren fine moatte. De hear Van der Meulen fynt de ynsinuaasje dat de hélding fan syn fraksje oangeande de skoalle fan Sibrandabuorren te meitsjen hat mei de kristlike achtergrûn fan syn party beneden alle peil. Syn fraksje hat alle fertrouwen yn it kolleezje. De moasje is dan ek folslein oerstallich. De hear Ziilstra seit dat as it ynisjatyf-útstel fan gefolgen hat dat der direkter oer Sibrandabuorren praten wurdt en dat der oare mooglikheden besjoen wurde sille syn útstel dochs fertuten dien hat. Hy hie net ferwachte dat it ynisjatyf-ütstel sa ôf- kreake wurde soe. It CDA hat wat oars út syn wurden helle dan de bedoeling wie. Hy wol it ynisjatyf-útstel yn stimming bringe. Wethouder Smittenberg wil nog toevoegen dat de brief van de directeuren verder een interne zaak is. Vervolgens wordt tot stemming overgegaan. Het initiatiefvoorstel van de fractie van de P.v.d.A. wordt met 12 tegen. 4 stemmen verworpen. Voor hebben gestemd de leden Zijl stra, H. Veldstra, De Boer en Roorda. Er worden verschillende stemverklaringen afgelegd. Mefrou Santerna seit dat har fraksje foar iepenbier ûnderwiis yn de Legeaen is. Nettsjinsteande dat stimt har fraksje tsjin it ynisjatyf-útstel Mefrou Veldstra seit dat har fraksje foar it iepenhâlden fan de skoalle yn Sibrandabuorren is. Nettsjinsteande dat stimt sy tsjin it ynisjatyf-ütstel. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje de moasje oerstallich fynt. De ynterpretaasje fan de P.v.d.A. oangeande dizze moasje is net terjochte. De hear Van den Berg seit dat dit ynisjatyf-ústel neat tafoeget oan de soarch en ynset oangeande de skoalle yn Sibrandabuorren. De hear De Jager fynt dat de ried syn kostbere tiid wol better brûke as in diskusje oer dizze moasje. N0T1803/0/H/BR0UVERJ/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 7