- 6 - 3Mededelingen. De foarsitter dielt mei dat loko-siktaris Koffeman de gemeente- siktaris ferfangt. De hear Lolkama is behindere de gearkomste by te wenjen. Nummer 1 Mefrou Veldstra seit dat neffens har fraksje dit stik grûn noch net ferkocht is. Der skynt seis noch net iens oerienstimming oer de oankeap te wêzen. De foarsitter seit dat der twa stikken grûn ferkocht binne. Ien dêrfan is al earder ferkocht en no giet it oer it twadde stik. De stikken oangeande de ferkeap sitte yn it dossier. Hy wol der noch wolris yn de kommisje op werom komme. Vervolgens worden de mededelingen verder voor kennisgeving aan genomen 4. Voorstel inzake verhoging tiïdsbestedingsnorm wethouders. De hear Roorda seit dat syn fraksje it spitich fynt dat dit útstel net earst yn de kommisje behannele is. Wat is de reden dêrfan? In salarisferheging fan de beide wethâlders is op him- sels net ûnridlik. Dat der no twa wethâlders sitte wie lykwols net de kar fan syn fraksje. Spitich is ek dat de gefolgen fan de kar foar twa wethâlders net al op 14 jannewaris goed besjoen binne. Der moat fan bysûndere omstannichheden sprutsen wurde kinne wol de minister mei dizze salarisferheging ynstimme. Mei de sin: "door omstandigheden gedwongen" kin syn fraksje it net iens wêze omt de mearderheid fan de ried seis foar dizze oplos sing keazen hat. Mei it oannimmen fan dit ütstel wurdt feitliken foarútrûn op de sitewaasje fan 1 jannewaris 1998. Wêrom is dan dizze swiere proseduere keazen? Is it net mooglik mei foarskot- ten te wurkjen? De hear Van der Baan seit dat syn fraksje wol akkoart giet mei dit ütstel. As de P.v.d.A. by it fraksjefoarsittersoerlis west wie hie hy goed op 'e hichte west fan dit ütstel. As de P.v.d.A. gjin salarisferheging wol sil dat wierskynlik ek ynhâlde dat de âld-wethâlder de salarisferheging net akseptearje sil. De foarsitter seit dat yn it fraksjefoarsittersoerlis prosesmjit- tich oer dit ütstel praten is. Ynhâldlike stikken hearre altiten yn de kommisje oan de oarder te kommen. It begryp "salarisferhe ging" liket him net alhiel krekt ta. By de begrutting foar 1997 hat de ried besletten dat de wethâlders by 18000 ynwenners as mear foar 100% ütbetelle krije sille. It giet no om it beslüt fan de ried mei twa wethâlders fierder te wollen. It liket it kolleezje ferstannich, foarütrinnend op de sitewaasje fan 1 jannewaris 1998, in proseduere op te starten om no al it sala- risnivo by 18000 ynwenners út betelje te kinnen. De wet skriuwt sa'n swiere proseduere foar. It komt him foar dat it mear liket op in formaliteit dan dat der in swier ynhâldlik oardiel oer ütsprutsen wurde moat. De hear Roorda seit dat syn fraksje in salarisferheging net ünridlik fynt. It liket him ta dat it ienfâldiger is te wacht- sjen mei de ferheging oant 1 jannewaris 1998. Wat hat it fraksje foarsittersoerlis eins mei dit ütstel te meitsjen? N0T18030/H/8R0UVERJ6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 8