- 7 - De hear Van der Baan seit dat yn it fraksjefoarsittersoerlis de proseduerekwestje behannele is en dêr binne gjin besluten nom- men. Hy fynt dat de P.v.d.A. in frjemde opstelling kiest. De wethâlders meie wol foar 100% wurkje mar kinne pas nei in jier dêrfoar it salaris krije. De foarsitter tinkt dat it mear dan ridlik en rjochtfeardich is dit útstel oan te nimmen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 5Advies van de ad-hoc-commissie voor de huisvesting van de gemeen telijke organisatie. De hear Van den Berg seit dat hy tige ynnommen is mei dizze tuskenrapportaazje. Der kin sprutsen wurde fan in "ienriedich" útstel fan de kommisje. Der kin no mei faas je in twadde stap komme. Yn de twadde fase kin der ek in folslein finansjeel byld krigen wurde. De hear Van der Baan hat de idee dat de gedachte ûntstiet dat it giet om de fraach wat de ried no it leafste wol. Dy gedachtegong fynt hy ek yn de scenario-beskriuwing. Hy hat lykwols gjin suver byld fan wat der no krekt ferlykjende wize leit. Hy fynt it tige wichtich te witten wêrom de priizen fan de ferskillende opsjes sa tichteby elkoar lizze. By in ferliking moatte ek de PM-posten yn byld brocht wurde. Hy freget hoef olie jild der eins foar de hüsfesting beskikber is. De heer Jonkers is heel tevreden over de manier waarop het colle ge deze zaak heeft opgepakt. Zijn fractie wil in ieder geval een adekwate huisvesting van de gemeentelijke organisatie. Er is een goed advies uitgebracht. Als de gemeente klaar wil zijn voor de toekomst dan is de beoogde nieuwbouw achter het raadhuis het beste alternatief. Als dan Plaatselijk Belang met het idee komt om tegelijkertijd het Wilhelminapark een opwaardering te geven dan is zijn fractie daar zeer enthousiast over. Uiteraard zal nog naarstig gekeken moeten worden naar de financiële conse quenties. Een locatie bepalen is één ding, financiële dekking vinden zonder dat de burgers dat al te zeer in hun portemonnee voelen, is een totaal ander ding. Hij wenst het college veel succes bij het oplossen van dat financiële vraagstuk. De hear De Jager seit dat de kommisje-ad-hoc in drege klus hén hat. De kommisje is der yn slagge om in heldere line nei de takomst ta te lûken. Dat is in komplimint wurdich. Ek is in komplimint op syn plak omt de kommisje der yn slagge is ferline en takomst ynelkoar te flechtsjen. Der sil in priiskaartsje oan de kar fan de ried hingje. Dat wachtet hy lykwols earst mar ris of. Mefrou Santema seit har fraksje foaropstelt dat de amtners in goed wurkplak hawwe moatte en dat gasten op in goed plak ûntfon- gen wurde kinne. Oan in kar foar nijbou achter it riedhûs kin lykwols sa'n priiskaartsje hingje dat úteinlik de wâl it skip keare sil en der noch in oare oplossing keazen wurde moat. N0T18030/H/BROUWERJ7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 9