- 7 - De hear Postma fynt de tekst fan it beslút noch hyltiten net dúdlik. Hy hat grutte muoite mei in fersluiering fan budzjetten. Hy wol dat dúdlik oanjûn wurdt wèr't it jild oan bestege wurdt De hear Van der Baan wol ek dat oanjûn wurdt hoe't de ferdieling oer Kameleon en doarpsfernijing is. De hear Roorda kin him by dy wurden oanslute. De foarsitter fettet de diskusje gear. De ried giet akkoart mei it útstel ûnder de betingst dat as it totale ynsjoch yn de plan nen bekind is it bedrach útsplitst wurde sil nei de doarpsfer nijing en it Kameleonprojekt Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. Het besluit wordt aangevuld met:" onder voorwaar de dat, zodra het totale inzicht in de plannen beschikbaar is, het beschikbaar gestelde bedrag wordt uitgesplitst naar respec tievelijk Dorpsvernieuwing Terherne en het Kameleonproject 7Voorstel inzake stedenbouwkundige randvoorwaarden Waterfront. De hear Postma seit dat yn oktober 1995 it folgjende presintear- re is. Yn it stik fan De Vries en Hopman en opsteld troch ús stêdeboukundige is steld dat de stjoergroep gjin rânebetingsten fêststeld hat mar stêdeboukundige typearingen. Typearingen binne de meast abstrakte foarm fan stêdeboukundige rânebetingstenDer is ek steld dat yn in lettere fase, as der oerienstimming oer in fisy is, de typearingen útwurke wurde sille yn rénebetingsten dy't dan úteinlik yn in bestimmingsplan fertaald wurde sille. De konklúzje kin dus wêze dat it kolleezje in hiele oare folchoar- der kiest dan earder fêststeld. Sa wurdt der misbrûk makke fan de rol dy't de belangengroepearingen spile hawwe. Syn fraksje fynt dat dër no allinne mar typearingen fêststeld wurde kinne, dy't letter útwurke wurde yn in struktuerfisy om dêrnei rénebe tingsten fêststelle te kinnen. Der is earder omtinken frege foar ferskate ûnderdielen út de plannen wei, sa as de bewinkeling oan de Volmawei, de parkearsitewaasje, wenjen by it sintrum oan it wetterfront, passend by it doarpsbyld en ek foar de kapitaalsfer- neatiging as gefolch fan it heaks projektearjen fan de stegers oan de Meersweg, de gearwurking mei de ündernimmers en de priva te ko-finansiering foar de üntwikkeling fan it wetterfront. Syn fraksje fynt it spitich dat de rénebetingsten op grûn fan in struktuerfisy noch net fêststeld wurde kinne. Hy bliuwt fan betinken dat konform it beslút yn oktober 1995 yn gearwurking mei de oanbelangjenden der earst in struktuerfisy komme moat. Hy kiest dêrby as ynstek de punten dêr't gjin mieningsferskillen oer binne sa gau mooglik trochgean te litten. Syn fraksje hat gjin problemen mei de üntwikkeling fan de Nieuwe Kade, de ynfol- ling oan de Volmawei(ynpassing fan winkels kin problemen opsmi- te), beheinde wentebou op de Minne Finne. Foar de Meersweg moat- te gjin parkearplakken skrast wurde as dêr gjin alternatyf foar oanbean wurdt. De kapasiteit en dus it rendemint fan de lisplak- ken oan de Meersweg sil ferminderje by it heaks pleatsen fan de stegers. It partikuliere ynisjatyf dêr sil ek omtinken hawwe moatte. It kolleezje sil him weroritearje moatte op de Blikpol- le. It is te prematuer om no oer bebouwing te praten. Syn fraks je is it iens mei de projektmjittige oanpak sa't dy útsteld wurdt N0T2204/O/H/BROUVERJ/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 13