- 2 - WVG gjin ûntkommen oan. Direkt by planûntwikkelingen al grûn yn opsje nimme is neffens him gjin begeanber paad omt plannen noch- al ris wizigje as seis hielendal net trochgeane. Alle belangen oerwaagjende giet syn fraksje akkoart mei dit útstel omt it tige wichtich is dat it belied út it folkshúsfestingsplan útfierd wurdt De heer Jonkers zegt dat zijn fractie in beginsels tegen het ingrijpen in de vrije markteconomie is. Maar in uitzonderingsge vallen mag gebruik worden gemaakt van het voorkeursrecht. Daar waar de uitbreiding van Wergea bedreigd wordt door mogelijke speculaties van derden mag het collectieve belang prevaleren boven het individuele. Een gemeente is nu eenmaal niet de hard- commerciële handelaar die het tegen echte professionals kan opnemen. De provincie zal als toezichthouder accoord moeten gaan. Dat biedt voldoende waarborgen om willekeur tegen te gaan. Zijn fractie maakt een voorbehoud bij de delegatie aan het colle ge. Waarom kan en mag de raad niet beslissen? Het lijkt hem toe dat in een spoedeisend geval een extra raadsvergadering tot de mogelijkheden behoort. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje akkoart giet mei it ütstel, útsein de delegaasje oan it kolleezje. Sy fynt dat de ried it foech ta oankeap net út hannen jaan moat. Sy wol it kolleezje meijaan net te hastich mei oankeapen útein te setten.Der sil yn elts gefal in goed en deeglik bestimmingsplan komme moatte. Komt de farferbining om Wergea hinne net yn'e knipe? De hear Van den Berg seit dat it brûken fan de WVG in swier middel is. Mar de sitewaasje driget sa te wurden dat it net oars mear kin. Syn fraksje kin dan ek ynstimme mei it ütstel. De foarsitter betanket de leden fan de ried foar de réaksjes. It stânpunt fan de fraksje fan de WD is bekind. It brûken van de WVG is in wetlik en dus legaal middel. Der kin dus net sprutsen wurde fan misbrük fan macht. Somtiden héldt it rjocht fan de inkeling gjin stân tsjin it rjocht fan de mienskip oer. Dat is ek yn Wergea it gefal. Der ûntstiet yn Wergea in gefaarlike sitewaasje as it giet om it útfieren fan it folkshúsfestings- plan. It kolleezje wol gjin grûnpolityk om de grünpolityk. De posysje fan de gemeentlike oerheid tsjin de projektûntwikkeler oer is der ien fan in natuerlike achterstan. It kolleezje wol dêrom ek graach it foech ta oankeap hawwe om sa slachfeardich mooglik te operearjen. It kolleezje is net fan doel it op de rjochter oankomme te litten mar om yn oerlis ôfspraken te meits- jen. Hy wol de ried fia de kommisje op 'e hichte hâlde fan de üntwikkelings en in riedsgearkomste op koarte termyn soe ta de mooglikheden hearre kinne al hat bliken dien dat dat noch wolris wat problemen opsmyt. De machtiging oan it kolleezje is net in doelstelling op himsels. Der is in relaasje mei de farferbining. De plannen bliuwe lykwols binnen de útgongspunten fan de struk- tuerskets foar Wergea. De hear Oosterhof seit dat it bést mooglik is dat der yn de twa jier tiid dy't der is gjin oanbod ta keap komt. De gemeente sil dan oare wegen berinne moatte. De agrariërs hawwe optheden grut te problemen mei de miljeubewegingWêrom kin sokke bedriuwen foar harren grûn net wat mear barre as in oar? In projektüntwik- keler stapt der net earder yn dan dat hy ljocht yn de plannen sjocht. Hy bliuwt derby dat de gemeente as partij krekt lyk as N0T1404/0/H/BR0UVERJ/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 5