- 7 -
De hear Van den Berg seit dat it oerskot minder is as dat fan
1995. Dat jout neffens him oan dat de finânsjes better beheard
wurde. It ferskil tusken rûzing en wurklikheid wurdt lytser. Hy
hat lykwols de yndruk dat yn guon posten der noch wol grutte
ferskillen binne dêr't de ried net tuskentiids oer ynformearre
is. Hy trunet dan ek oan op in tuskentiidse fers lach jouwing om
skeefgroei te foaren te kommen. Der is sprake fan in rom oerskot
op it Wvg-beliedHy fynt dat net sa frjemd omt dat eins al
foarsein wie yn it mearjierreperspektyfDer binne ündertusken
fersiken fan it Wvg-platform honorearre. It liket him ferstan-
nich ek nochris te sjen nei de nije fersiken fan it Wvg-plat
form. De post ünfoarsjoen lit in oerskot fan f 63.000,00 sjen.
Der is tasein dat dêr nochris yn de kommisje oer praten wurde
sil. Syn fraksje fynt it spitich dat dat oerskot yn de algemiene
reserve ferdwynt wylst der wol in bestimming foar fûn wurde kin.
De foarsitter betanket de ried foar de plesierige reaksjes. De
hear Veldstra stelde fêst dat der oan'e sosjale sakenkant romte
is. Op himsels soe der reden ta frees wêze kinne oer it Wvg-jild
as de ried net sa'n düdlik belied fêststeld hie. De keppeling
tusken de bydrage fan it ryk en wat wy dogge foar de minsken is
doe loslitten. Der is ek noch romte om it belied te weroerwaag-
jen. Oer De Mar is yn de kommisjegearkomste fan 13 jannewaris
praten. Alle opbringsten fan it Grûnbedriuw binne maksimalisear-
re en dat is de reden dat it bedrach fan f 125.000,00 hjir
stiet. Hy fynt it hiel ferfelend dat de namme fan De Mar no wer
opdükt omt yn beliedsmjittige sin dy saak ôfwikkele wie op 13
jannewaris. By de ferkeap is de priis f 6,50 de kante meter
leger west wylst de ried earder sein hat dat der romte foar
koarting oan f 10,00 ta wie. Mei de transaksje mei De Mar is dus
neat mis
Hy wol noch wolris weromkomme op de reden dat it terrein oan de
Stationswei noch net ferkocht is.
Hy seit ta ris te praten oer in ferliking mei oare gemeenten
hoewol11 der ek al in ferlykjende budzjetanalyse fan VB-accoun-
tants is. Hy wol wol tasizze dêr nochris oer te praten. It kol-
leezje is dwaande mei de beskriuwing fan de administrative orga-
nisaasje. Yn de VNG wurdt optheden praten oer kwaliteitssertifi-
katen foar oerheidsorganisaasjes
De projektenorganisaasje hat de nedige oandacht. Der is al ta
sein dat dêr ynsjoch yn jün wurde sil.
Dat jildt ek foar de ünderbouwing fan de foarsjennings en reser
ves
It sifer dat der no leit fan personiel tredden is in gefolch fan
in better ynsjoch yn en de relaasje mei de produktenbegrutting
Op dit getal stiet al it útbestege wurk en it is dus folie bre
der as yn it ferline. Dêrom is in ferliking ek net mooglik. Yn
de kommisje is tasein dat der in dúdliker ôfspraak oer de post
ünfoarsjoen makke wurde moat.
It kolleezje sil op dat punt it ynsisjatyf nimme.
Wethouder Smittenberg zegt dat de voorlichting over de bijzon
dere bijstand een voortdurend punt van zorg is. Er is in het
meerjarenperspectief afgesproken dat er een specifieke reserve
van 1 miljoen bij de Wvg moet zijn. Dat is voldoende om een
aantal jaren vooruit te kunnen. Het lijkt hem goed om bij de
evaluatie de verschillende voorzieningen tegen het licht te
houden. Bij de reiniging was een tekort begroot van f 60.000,00.
Dat is beperkt gebleven tot f 30.000,00. Er gaat dus minder geld
N0T2406/0/H/BR0UVERJ/7