- 10 -
Mevrouw Aukes zegt dat er inhoudelijk niet veel valt te zeggen
over de voorjaarsnota omdat er over verschillende zaken pas in
het derde kwartaal informatie wordt verstrekt. Zij heeft in
zijn algemeenheid ervaren dat de raad antwoorden krijgt die haar
gelijk geeft. Psychologisch gezien is dat wel slim, maar poli
tiek gezien is dat erg frustrerend. Haar fractie kan instemmen
met de beslispunten I tot en met IV. Zij kan niet instemmen met
het uitgangspunt dat de gemeentelijke belastingen met 2 worden
verhoogd. Zij vindt dat met name de OZB niet verhoogd moet wor
den.
De hear Van den Berg seit dat de maitiidsnota in wichtich ynstru-
mint is by it opstellen fan de begrutting. Mar dat net allinne.
De nota biedt ek in ynsjoch yn it rekkenrisseltaat fan 1996, der
is ynsjoch yn it ferrin fan de begrutting 1997 en dêrneist wurde
der linen ütset nei de begrutting foar 1998. De maitiidsnota is
by útstek in stjoeringsynstrumintYn dat ljocht besjoen soe it
better wêze wiidweidiger oer de maitiidsnota te praten omt dat
de ried de romte jout yngeand en polityk in kar meitsje te kin
nen. It soe moai wêze dat dat barre kin yn 1998. Ut de mai
tiidsnota docht bliken dat de rinnende begrutting in tekoart
fertoand. It is goed dat it kolleezje ütstelt de rûzingen oan te
passen. Der steane in protte saken op it ferlanglistke, mar oer
in grut tal kin noch gjin dúdlikheid jün wurde. Hy wachtet de
útstellen fan it kolleezje ôf. Dúdik is wol dat der in kar makke
wurde moat. Hy is bliid dat it kommunikaasjeplan no echt kommen-
dewei is. Syn fraksje kin ynstimme mei de beslispunten I oante-
mei IV. By V hat hy twa kanttekens. Hy freget him óf yn hoefiere
by it net ferheegjen fan de subsydzjes it priisyndekssifer in
rol spylje moat. Yn it stribjen nei it ferleegjen fan de lêste-
druk kin hy him fine.
De hear Van der Baan hat inkelde fragen. Hy freget wat it kol
leezje mei de 250 miljoen bystân docht. Dan komt der ek 2 oant
3 miljoen foar de lesteferlichting. Hoe wol it kolleezje dat fer-
wurkje. Syn fraksje wol graach dat de ferfiersfergoeding foar
swier handikapten op it nivo fan 1992 werombrocht wurdt, sa as
ek it Wvg-platfoarm dat frege hat. Foar de sport wol it kol
leezje in hiersferheging fan 100%. Hy set grutte fraachtekens by
de helberheid. Hy hopet dat der romte socht wurdt foar it jeugd-
en jongerenwurk. Hy hat soarch oer de Eeltje Halbertsma Skoalle.
Der is gjin boarters- en gymnastyk lokaal mear. Hoe komt it
dêrmei? Foar de Burd is yndertiid tasein dat der in swimplak
foar de eigen ynwenners komme soe. Dat is noch net realisearre.
Graach omtinken dêrfoar. De brêgetiiden yn Boarnsterhim sille
ófwike fan dy fan de Marrekrite. Hoe sit dat krekt? Hy is besoar-
ge oer it iepenbier grien. Fral freget hy omtinken foar it om-
seagjen fan beammen dy't skeef steane. Der binne ek wol oare
manieren om wat oan skeefgroeide beammen te dwaan. Hy freget
ekstra omtinken foar de rioeloerstoart yn de útfiering fan de
riolearingsplannen. Hoe wol it kolleezje de âlde wiken leefber
hâlde? Yn de romtlike oardening binne de prosedueres hiel úndúd-
lik. Hy wol der graach ferbettering yn. Syn fraksje fynt it bou-
en wentetafersjoch ûnfoldwaande. It belied moat ferskerpe wurde.
Hy is fan betinken dat de gemeente de boat mist as net meidien
wurdt mei it eksperimint fan Van Elswijk. Sa wurdt de kans op
ekstra banen, dy't de gemeente gjin sint kostje sille, misrün.
Syn fraksje fynt dat yn it totale belied it Frysk weibliuwt as
kultuerguod. Hy soe graach wolle dat it kolleezje mear syn frys-
N0T24060/H/BROUVERJ10