- 11 -
ke karakter toant.lt swimbad moat bliuwe, sa fynt syn fraks
je. It soe skandalich wêze as Boarnsterhim it net foarelkoar
krijt mar ien swimbad iepen te hâlden.
De hear Postma seit dat syn fraksje him oanslút by de ynliedende
opmerkingen fan de fraksje fan de P.v.d.A.. Ek is hy it iens mei
mefrou Aukes dat der yn it tredde fearnsjier noch in protte
dingen dúdlik wurde moatte. Mei de beslispunt I en III kin syn
fraksje ynstimme. By punt II wurdt útsteld in nije bestimmingsre-
serve te meitsjen.In jier lyn is konkludearre dat de reserves en
foarsjennings sanearre wurde moasten. No wurdt der wer ien bymak-
ke. Hy freget oft dy f 200.000,00 net opfongen wurde kinne út de
buffer binnen de algemiene reserve. By punt IV makket hy de
kanttekening dat de finansjele konsekwinsjes fan it opheegjen
fan dizze noarm sichtber makke wurde moatte by it sosjale be-
lied. Mei it léste punt giet hy op haadlinen akkoartHy soe it
in goede stap fine om te kommen ta in werorientaasje fan it
gemeentlike subsydzje- en finansieringsbelied nei tredden ta. It
moat folie mear ta op in systeem fan priis-prestaasjeferhâlding
en dêrby moat merkkonfoarm operearre wurde. Der is al tasein dat
yn 1998 tariedings plakfine sille foar in personielsüntwikke-
lingsbelied. De ferheging fan de belestings wol hy foarearst
wol hantearje. In definityf stanpunt bepaalt hy by de begrut-
tingsbehanneling
De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje fynt dat der takom
jier mear tiid ynromme wurde moat foar de maitiidsnotaHy fynt
dat it kolleezje echt mear omtinken jaan moat oan de âlderein.
It docht bliken dat in protte âlderen út ús gemeente weigeane.
Dat is gjin goede ûntwikkelingHy kin ynstimme mei de beslispun
ten I oantemei IV. By V makket hy itselde foarbehâld as de frak
sje fan Gemeentebelangen. Hy tinkt dat der hyltiten sekuerder
begrutte wurde kin en dat de marzjes foar ferhegingen dèrtroch
ek hyltiten lytser wurde kinne.
De foarsitter betanket de ried foar de positive reaksjes op de
maitiidsnota. It kolleezje kin ynstimme mei de line dy't de ried
foarstiet foar de behanneling fan de maitiidsnota.
Yn 1998 sille by de maitiidsnota de algemiene skôgings hélden
wurde. Yn it gearkomsteskema sil dér rekken mei halden wurde. De
hear Roorda leit in tal aksinten. In grut tal is it kolleezje it
mei iens en op in tal binne al tasizzings dien. Op it punt fan
de belestings is it dúdlik dat it kolleezje besykje wol in sa
weromhâldend mooglik belied te fieren. De CBS-yndekssifers
binne gjin útgongspunt foar in automatyske ferheging mei 2 fan
de belestings. Dy tasizzing is dan ek in kanttekening by de
útgongspunten foar it gearstallen fan de begrutting 1998. De
ried sil in kar meitsje moatte. Der kin net oan ien kant nij
belied makke wurde en oan de oare kant minder opbringsten wêze
troch legere belestingen. Dat is in paradoksale sitewaasje. It
kommunikaasjeplan komt noch dit jier. Oft de subsydzjes ek oan
it priisyndekssifer keppele wurde moatte sil besjoen wurde. It
swimplak op de Burd is tasein en sil der dan ek komme moatte. Op
de opmerking fan de hear Van der Baan oer it iepenbier grien sil
weromkommen wurde. De rioeloerstoarten sille in hege prioriteit
yn it rioleraringsplan hawwe.
N0T2 40 60H/BR0UVERJ11