- 13 -
De hear Van den Berg seit dat tasein is dat der nochris disku-
sjearre wurde sil oer de fermogensposysje en de reserves. It
liket him ferstannich dan ek oer dizze nije bestimmingsreserve
te praten. Der sil aanst in kar makke wurde moatte. Dy kar is
best te meitsjen as der mar goede ynformaasje foarôf jûn wurdt
Bygelyksoangeande de sport moat helder yn byld brocht wurde
hoe11 de kostenstreamen krekt rinne. Dan kin der bepaald wurde
oft de ynset foar in swimbad as in sporthal terjochte en genôch
is. Yn de ferheging fan de lestedruk kin hy him wol lykfine. It
priisyndekssifer is dêrby gjin dogma. It stribjen nei in legere
lestedruk moat lykwols gjin doel op him seis wêze.
De hear Van der Baan seit dat guon fragen net beantwurde binne.
Bygelyks dy oer de brêgetiiden en de E.H.S. Syn fraksje fynt it
bou- en wentetafersjoch ünfoldwaandeDer wurde leges frege foar
boufergunnings en dêr moat it tafersjoch fan betelle wurde. Hy
krijt in hiele protte klachten. It liket der seis op dat jo mar
better gjin boufergunning oanfreegje kinne. As der yllegaal boud
wurdt dan kin der net iens beswier makke wurde troch oanbelang-
jenden omt der gjin boufergunning oanfrege is. Soksoarte antwur-
den krije boargers en dat fynt hy dochs de wrâld op syn kop.
Boppedat docht dat gjin rjocht oan minsken dy't wol de goede wei
geane. Hy fynt it ünbegryplik dat der neat mei it plan Van Els-
wijk dien wurdt wylst it de gemeente gjin sint kostje sil en der
wol ekstra wurkgelegenheid mei binnenhelle wurdt.
De hear Postma fynt dat de kwytskeldingsbedragen net yn minde
ring brocht wurde moatte op de belestingopbringstDy bedragen
hearre boekt te wurden op it sosjale belied.
De foarsitter begrypt dat der yn de ried dochs aksintferskillen
lizze oangeande de ferheging as ferleging fan de lestingdruk. It
kolleezje hat de ried heard en wol it ferleegjen fan de leste
druk as in ynspanningsferplichting sjen. De sinjalen oer de nije
bestimmingsreserve binne düdlik. Der sil noch praten wurde oer
it plan dat ûnder de reserves en foarsjennings lizze moat. As
der in kar makke wurde moat moat der ek ynsjoch wêze yn de konse-
kwinsjes dêrfan. Hy hopet dat dat aanst by de begrutting en de
nije maitiidsnota sa is. It kolleezje fynt dat der in sa rom
mooglike mienskiplike brêge-iepeningstiid wêze moat. Net eltse
gemeente kiest dy beneiering. Dat is spitich. Eins soe it noch
better wêze dat der yn Fryslân ien skap wêze soe dêr't alle
brêgen yn ünder brocht wurde. Ek de deputearre wol dy kant wol
út
Wethouder Smittenberg zegt dat de sociaal culturele voorzienin
gen geschetst worden in de kadernota. De financiële vertaling
zal nog volgen. Er is speciale aandacht voor het ruimtetekort in
de E.H.S. De oplossing ligt niet onmiddellijk voor de hand.
Mogelijk komt er, als er ook financiële consequenties zijn, een
voorstel aan de raad. De afhandeling van geconstateerde illegale
bouw vraagt meer werk. Er wordt echter wel degelijk wat aan
gedaan. Zo worden er regelmatig rondes door het buitengebied
gemaakt en mogelijk worden er in de toekomst ook luchtfoto's
gemaakt. Hoe intensiever het toezicht hoe hoger het kostenplaat
je. Het college zal overwegen de kwijtscheldingsbedragen te
boeken op het sociaal beleid in plaats van op de belastingen.
N0T2406/0/H/BR0UVERJ/13