- 14 -
Over het plan Van Elswijk is in een vorige raadsvergadering
uitvoerig van gedachten gewisseld. Hij wil die discussie niet
overdoen. Het gaat hem te ver om nu al onverkort als uitgangs
punt voor de begroting het Wvg-platform te volgen in het voor
stel om de uitkering te verhogen.
De foarsitter seit dat der finansjele romte is. As de ried it
belied op'e nij formulearje wol dan kin dêr oer dikusjearre
wurde.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor
stel besloten.
8. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de
aanschaf van stemmachines
De hear Veldstra seit dat syn fraksje wol ynstimme kin mei it
útstel. Hy tinkt dat in ôfskriuiwing yn 15 jier reëel is. De
kosten sille noch wol tsjinfalle omt der ek mei de stimmasjines
proefdraaid wurde moat en der in soad foarljochting jûn wurde
moat
Mevrouw Aukes denkt dat de efficiëntie vooral zal zitten in het
tellen van de stemmen. De argumenten die het college aanvoert
voor de besparing zijn niet allemaal even hard. Zij blijft dan
ook een beetje twijfelen. Het college is niet gekomen met een
beetje een compact voorstel ten aanzien van de bezuiningen.
De hear Van den Berg seit dat de ried alle ynformaasje krigen
hat. Der sitte mitsen en maren oan it útstelIt iennichste punt
dêr't hy mei sit is de ôfskriuwingstermyn. In wat koartere
termyn liket him wat reëler.
De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it mar by it âlde
hâlde wolHy hat it gefoel dat it stimmen op koarte termyn
kompleet oars gean sil en dan is dizze oanskaf net sa ferstan-
nich.
De hear Postma seit dat it aardige fan dit tige goed útwurke
útstel is dat der hjir in kosten/batenanalyse opfierd is dy't yn
oare sitewaasjes net realisearber wie. Hjir wurde de amtlike
oeren opfierd en by de oerdracht fan sportfjilden koe dat net.
De wize fan ôfskriuwen is somtiden op annuïteitsbasis en hjir
lineair. Hy giet derfoar yn'e pleit dat der unifoarme útgongspun-
ten en konstitinte gedrachslinen hantearre wurde. Mei it útstel
kin syn fraksje wol ynstimme al is der by in ôfskriuwing op
basis fan annuïteit mear te besparjen.
De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje wol foar stimmachi-
nes kiest. It hellet net safolle út oft de ôfskriuwingstermyn no
20 as 15 jier is.
De foarsitter seit dat yndied de winst oan de ein fan de dei fan
de stimming te hel jen is. No is der in tige folslein útstel
makke en wurde dêr ek wer opmerkingen oer makke. Wie it te koart
west dan wie it ek net goed west. Op himsels is it krekt altiten
deselde methodyk te brûken. Hy hat net de yndruk dat yn ús lân
it yn persoan stimmen binnen 25 jier ferdwine sil. Ek de Kies
raad dielt dy miening. Dat makket ek dat der flink lang gebrûk
fan dizze apparatuer makke wurde kin.
N0T2406/0/H/BR0UVERJ/14