- 17 - binne der aanst twa alternative rûtes neist elkoar en dat kin net de bedoeling wêze. It gefaar dat de doelstelling fan de skieding fan berops- en rekreaasjefeart net helle wurdt is dan oanwêzich. De evaluaasje oer de tarieding fan it konvenant hat noch net plakfün omt alles wachtet op hoe't it mei de Rykswei komt. It proses fan it konve nant rint dus dêrtroch fertraging op. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje derby bliuwt dat der gjin beweegbere brêge komme moat. Mefrou De Boer wol graach yn it brief opnimme dat der yn prinsi- pe keazen wurdt foar it net fêst setten fan it wetterferkear by de Fone jacht. Mei in akwadukt as in beweegbere brêge kin de steande-mêstrute folie ienfâldiger útfierd wurde en kin de omlie- ding by Wergea folie goedkeaper wurde. It meast praktyske is neffens har in beweegbere brêge foar de bysûndere transporten plus útfiering fan it konvenant. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie anders wil reageren dan het college. Alle fracties waren in de commissievergadering voor een aquaduct, terwijl er in de brief weer wordt gesproken over een aquaduct of een beweegbare brug. Zij wil de mogelijkheid van een beweegbare brug uit de brief schrappen. De foarsitter seit dat it kolleezje fynt dat it trasee aksepta- bel is, mar der sitte in tal minpuntsjes oan. It kolleezje fielt neat foar in bypass by Warten. De wetterbeweging moat fan Ljou- wert oer Wergea nei Grou gean. It konsept fan dy brief is ta stân kommen doe't der absolút gjin sicht wie op in akwadukt. Doe is der yn it provinsjehüs wat beweging kaam en dêrby seach it der seis nei út dat der middels fun wurde koene foar in akwa dukt. It kolleezje is fansels foar in akwadukt mar der moat gjin jild fan de gemeente by. De skieding tusken berops- en rekreaa- sjefeart moat der lykwols wol bliuwe. Folút de útfiering fan de steande-mèstrüte dus. In beweegbere brêge is in ferbettering ten opsichte fan de fêste brêge. Mevrouw Aukes vraagt zich af of een beweegbare brug wel een verbetering is. In beweegbare brug belemmert het autoverkeer. De hear Van der Baan fynt dat in fêste brêge bést kin omt it beropsferkear wol oare mooglikheden hat. De foarsitter seit dat dy beweegbere brêge net faak iepen gean sil Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fracties van V.VD. En F.N.P. worden geacht tegen de passage in de brief over de beweegbare brug te hebben gestemd. 12Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de herinrichting van Heechein-Ljouwerterdyk te Akkrum. De hear Van den Berg seit dat hy miende dat der oerienstimming wie. No docht bliken dat de ferts j intwurdiging út Akkrum it léste ferslach pas jûn krigen hat. Sy fine dat it ferslach net krekt werjout wat der besprutsen is. Hy wol graach dat de wet- hâlder in taljochting dêr op jout en de rus fuortnimt. N0T2406/0/H/BR0UVERJ/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 20