- 3 - 3Mededelingen De foarsitter dielt mei dat de leden Santema, K. van den Berg- Wiersma en Lolkama behindere binne de gearkomste by te wenjen. De hear Zijlstra is tige posityf oer dizze meidieling. It ynisja- tyf-útstel fan syn fraksje wie dus net foar neat. Hy wol graach witte hokfoar prikken der yn it wurk steld wurde om de kwaliteit te bewaken. It ûnderwiis yn Sibrandabuorren komt yn 'e knoei as der minder as trije learkrêften wêze sille. Wethouder Smittenberg zegt dat de gevraagde informatie al eerder is verstrekt. Als op enig moment de noodzaak ontstaat maatre gelen te nemen zal dat zeker gebeuren. De samenwerking met de school in Raerd wordt geïntensiveerd. De mededelingen worden hierna voor kennisgeving aangenomen. 4. Voorstel tot vaststelling van de algemene voorwaarden voor de verkoop van bouwterreinen. Mefrou De Boer fynt dat der in dúdlik stik leit. Sy freget it kolleezje nochris te sjen nei de ferrekkening De hear Oosterhof kin him by dy fraach oanslute. Ferrekkening soe plakfine moatte as de de transaksje f 5000,00 te boppe giet. De hear Van der Meulen kin him oanslute by de foarige sprekkers De fragen dy't yn de kommisje steld binne binne noch net beant- wurde en dat wie wol tasein. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje ynstimme kin mei it útstel It giet hjir ek om in mandatearingsbeslútSy freget om hokker bedrach it dan giet. Har fraksje fielt der neat foar dat de koördinator grûnsaken mandatearre wurdt. De ried moat altiten by de ferkeap fan grûn belutsen bliuwe oars is de kontrole fuort De foarsitter hat kennisnaam fan de diskusje yn de kommisje. Eartiids kaam der faak in ferrekkening foar. In hiele tiid lyn is dat al feroare. Der wurdt gjin kante meter mear ferkocht foardat it ynmetten is troch it kadaster. De fragen yn de kommis je hiene ûnder oaren te krijen mei de hichte fan de boukavels. De kavel sil altiten 10 sentimeter boppe it strjitnivo wêze moatte. Is dat net sa dan hat de keaper it rjocht om dat lykwols te easkjen. It mandaat is no net oan 'e oarder. Der komt oan de ein fan it jier in nota oer delegaasje en mandaat. De gedrachsli- ne sil net feroarje. Yn elts gefal net oant der nije ôfspraken oer makke binne. Mefrou Veldstra seit dat it advys fan de ófdieling net by de stikken lei. De hear Van der Baan seit dat der in mandaat leit oan ferkeapen ta in ton. De foarsitter seit dat dat sa bliuwt. Mar hy slút net út dat der by de nota feroarings yn oanbrocht wurde sille. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. NOT2406/0/H/BR0UVERJ/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 6