- 3 -
3Mededelingen
De foarsitter dielt mei dat de leden Santema, K. van den Berg-
Wiersma en Lolkama behindere binne de gearkomste by te wenjen.
De hear Zijlstra is tige posityf oer dizze meidieling. It ynisja-
tyf-útstel fan syn fraksje wie dus net foar neat. Hy wol graach
witte hokfoar prikken der yn it wurk steld wurde om de kwaliteit
te bewaken. It ûnderwiis yn Sibrandabuorren komt yn 'e knoei as
der minder as trije learkrêften wêze sille.
Wethouder Smittenberg zegt dat de gevraagde informatie al eerder
is verstrekt. Als op enig moment de noodzaak ontstaat maatre
gelen te nemen zal dat zeker gebeuren. De samenwerking met de
school in Raerd wordt geïntensiveerd.
De mededelingen worden hierna voor kennisgeving aangenomen.
4. Voorstel tot vaststelling van de algemene voorwaarden voor de
verkoop van bouwterreinen.
Mefrou De Boer fynt dat der in dúdlik stik leit. Sy freget it
kolleezje nochris te sjen nei de ferrekkening
De hear Oosterhof kin him by dy fraach oanslute. Ferrekkening
soe plakfine moatte as de de transaksje f 5000,00 te boppe giet.
De hear Van der Meulen kin him oanslute by de foarige sprekkers
De fragen dy't yn de kommisje steld binne binne noch net beant-
wurde en dat wie wol tasein.
Mefrou Veldstra seit dat har fraksje ynstimme kin mei it útstel
It giet hjir ek om in mandatearingsbeslútSy freget om hokker
bedrach it dan giet. Har fraksje fielt der neat foar dat de
koördinator grûnsaken mandatearre wurdt. De ried moat altiten by
de ferkeap fan grûn belutsen bliuwe oars is de kontrole fuort
De foarsitter hat kennisnaam fan de diskusje yn de kommisje.
Eartiids kaam der faak in ferrekkening foar. In hiele tiid lyn
is dat al feroare. Der wurdt gjin kante meter mear ferkocht
foardat it ynmetten is troch it kadaster. De fragen yn de kommis
je hiene ûnder oaren te krijen mei de hichte fan de boukavels.
De kavel sil altiten 10 sentimeter boppe it strjitnivo wêze
moatte. Is dat net sa dan hat de keaper it rjocht om dat lykwols
te easkjen. It mandaat is no net oan 'e oarder. Der komt oan de
ein fan it jier in nota oer delegaasje en mandaat. De gedrachsli-
ne sil net feroarje. Yn elts gefal net oant der nije ôfspraken
oer makke binne.
Mefrou Veldstra seit dat it advys fan de ófdieling net by de
stikken lei.
De hear Van der Baan seit dat der in mandaat leit oan ferkeapen
ta in ton.
De foarsitter seit dat dat sa bliuwt. Mar hy slút net út dat der
by de nota feroarings yn oanbrocht wurde sille.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor
stel besloten.
NOT2406/0/H/BR0UVERJ/3