- 2 - De ried hat yn de ôfrûne tiid in sterke fermindering fan te behanneljen stikken konstatearje kinnen. It kolleezje ropt sa- dwaande wat twifels op en by üs fraksje libbet it gefoel dat de ried sa folie mooglik bûten it spul setten wurdt. Opfallend by de andertnota wie dat fraksjes net mear de muoite nommen om fragen te stellen. Soks heart in teken te wezen foar it kollee zje en wy freegje ús óf hoe't soks mooglik is. Minder belutsen- heid by de polityk lykas dat by üs libbet? Dat is tige spitich omt de polityk in saak fan it folk is. Dat betsjut dat wy yn tsjinst fan dat folk en as ferstjintwurdigers dêrfan fungeare. Dat moat ús mooglik makke wurde troch it kolleezje. En net troch ûnder oaren it kiezen fan ûngelokkige tiden, at der wichtige saken op it spul steane. Yn de fakânsjetiid is de helte fan de befolking net thüs en dus moatte jimme tefoaren komme dat yn dy perioade wichtige saken ôfhannele wurde. Lykas krekt ferlyn de andertnota en foarljochting oer de Burd. Sa ek it bestimmings- plan bûtengebiet dêr't 13 jier op wachte is, dat moat no troch ús yn 14 dagen besjoen wurde, mei yn dy perioade in rieds- en begruttingsgearkomste It kolleezjeprogram en de maitiidsnota's hat jim ta in belled brocht dat üs net sinnige. Us fraksje wie ûngelokkich mei it jaan fan foarrang oan beton- en asfaltdiken boppe ûnderwiis en wolwêzen. Dat mei bekend wêze. Op dit stuit sjogge wy in wette- rich sintsje by it wolwêzen. In tydllke jongerenwurker sil it jongerenwurk op gleed helpe. Better wat as neat. Lykwols krijt üs mienskip no de rekken presentearre foar it neilitten fan it meast wichtige yn üs mienskip nammentlik it funksjonearjen en de opbou fan üs mienskip as gehiel. Troch yngripend feroarjende maatskiplike üntwikkelings reitsje minsken en benammen ek jonge ren op'e doele. Sa slacht ünder oaren by de jongeren ferfeling ta en wurdt helder dat de saken üt de hân rinne. Unrêst, bedriging en eangst by de befolking is it gefolch. De oplossing wurdt socht yn de plysjekneppel, troch party minsken. Soe it net better wêze dat wy hjir mei elkoar no de ferantwurdli- kens nimme troch ündermear mear jild te stekken yn it beneamen fan in opbouwurker? De folgjende moasje giet dêroer (6). De ried fan Boamsterhim byelkoar op tongersdei 13 novimber 1997, hat him dwaande hélden mei de needsaak om te kommen ta de opbou fan it maatskiplik en sosjaal-kulturiel wurk yn de gemeen te Boamsterhim. Om dat belled stél te jaan achtet hy it needsaaklik, om dêrfoar in opbouwurker yn folie deitaak te beneamen en de kosten foarlo- pich te dekken út de post sosjaal/kulturiel belled. Fernuvering üntstie by üs fraksje oer de gong fan saken sa't dy sketst waard by de foaraommen ferbouwing fan de boargemaster Thalenskoalle te Akkrum. Hjiroer tsjinje wy de folgjende moasje yn (5). De ried fan Boamsterhim, yn gearkomste byelkoar op tongersdei 13 novimber 1997, hat him by de algemiene skôgings dwaande hél den mei de needsaak ta de renovaasje fan de Boargemaster Thalen skoalle te Akkrum. NOTNOVEM.BER/BS/BV/HUISMANS/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 12