- 3 - -Komt ta de konklúzje, dat de renovaasje mei faasje útein setten wurde moat en draacht it kolleezje op, foar de renovaasje in bedrach fan 1,7 miljoen beskikber te stellen en soks te finan- sierjen út de algemiene middels dy't der ta ferhege wurde moat mei it bedrach út de algemiene reserve grûnbedriuw. Wol of gjin jild reservearre wie de grutte fraach dy't de ferant- wurdlike wethâlder net beanderje koe. Sa'n lyts bytsje each foar de eigen portefúlje tsjut op in minder funksjonearjen en in tekoart oan oandacht foar it meast wêzentlike en wichtichste aspekt yn ús maatskippij nammentlik de opfieding en foarming fan ús jeugd. Dat soks bart jout oan dat neffens ús dit kolleezje op de ferkearde koers sit. It kolleezje jout seis ta dat se de saak net yn' e hén hat. In sitaat: "Wij kunnen op dit moment geen verantwoorde rekensom maken voor de toekomstige financieringsbe hoefte voor onze lokaal-accommodaties".Soks mei dan earlik wêze yn syn sizzen mar it jout teffens oan dat it belied yn de ôfrûne 4 jier op neat útrûn is op dat mêd. Bliuwt it kolleezje ek nei de takomst ta sitten mei in ramp-senario meidat allinne de ryks- middelen brûkt wurde si-lle? Dy middels - en dat sil dit kollee zje dochs wol witte, binne fierstente krap en dus kin sa gjin oplossing fün wurde yn en foar it ûnderwiis.Troch tiidkrapte twongen jout ús fraksje jim kolleezje yn oerwaging om oandacht en/of weroerwaging op de folgjende terreinen: Lyts farwegenplan; Foarljochting (Mid-Frieslander) Riedstikken (FNP moasje is net útfierd); WVG belied (tasizzing is net neikommen); Underwiis jildreservearing) Kameleonprojekt skiede fan doarpsfernijing; Fanselssprekkendheid fan steande mêst-route en oare grutte projekten is grut t.o.f. ünderwiis en wolwêzen; Wentebou tawizing kontigent wenten fermindert/plannen oanpasse foarrang oan kearntaken; Underkenning gaswinninggefolgen; Aldereinwurk; Gjin prioriteit oan it gemeentehûs. Dêrmei is oanjûn wat der binnen de beliedsbegrutting oan moasjes oan jim foarlein wurde sil.Wy tsjinje de folgjende amendeminten yn: (trije) De ried fan Boarnsterhim yn gearkomste byelkoar op tongersdei 13 novimber 1997 hat him dwaande hâlden mei it útstel fan it mearjierrenynfesteringsplan oer de jierren 1996, 1997 en 1998. Hy komt dêrby ta it beslút om de totaal ynfestearingen mei 10% te ferleegjen ta in totaal fan f 284.000,00. Dat bedrach sil strukturiel ten goede komme oan it sosjaal-kultu- rielbelied mei foarrang oan de muzykskoalle. (fjouwer) De ried fan Boarnsterhim yn gearkomste byelkoar op tongersdei 13 novimber 1997, hat him dwaande hélden mei it útstel ta de foarming fan de frij besteegbere reserve fan de begrutting 1998. Hy komt dêrby ta de folgjende ferdieling, as wiziging op it kolleezje útstel Renovaasje sportfjilden f 190.000,00 Friksje desintralisaasje ûnderwiishúsfesting f 650.000,00 Sosjaal kulturiel belied f 160.000,00 Steande mêstrüte (foarlopich) f 200.000,00 Totaal f 1.200.000,00." N0TN0VEM.BER/BS/BV/HUISMANS/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 13