- 3 -
-Komt ta de konklúzje, dat de renovaasje mei faasje útein setten
wurde moat en draacht it kolleezje op, foar de renovaasje in
bedrach fan 1,7 miljoen beskikber te stellen en soks te finan-
sierjen út de algemiene middels dy't der ta ferhege wurde moat
mei it bedrach út de algemiene reserve grûnbedriuw.
Wol of gjin jild reservearre wie de grutte fraach dy't de ferant-
wurdlike wethâlder net beanderje koe. Sa'n lyts bytsje each foar
de eigen portefúlje tsjut op in minder funksjonearjen en in
tekoart oan oandacht foar it meast wêzentlike en wichtichste
aspekt yn ús maatskippij nammentlik de opfieding en foarming fan
ús jeugd. Dat soks bart jout oan dat neffens ús dit kolleezje op
de ferkearde koers sit. It kolleezje jout seis ta dat se de saak
net yn' e hén hat. In sitaat: "Wij kunnen op dit moment geen
verantwoorde rekensom maken voor de toekomstige financieringsbe
hoefte voor onze lokaal-accommodaties".Soks mei dan earlik wêze
yn syn sizzen mar it jout teffens oan dat it belied yn de ôfrûne
4 jier op neat útrûn is op dat mêd. Bliuwt it kolleezje ek nei
de takomst ta sitten mei in ramp-senario meidat allinne de ryks-
middelen brûkt wurde si-lle? Dy middels - en dat sil dit kollee
zje dochs wol witte, binne fierstente krap en dus kin sa gjin
oplossing fün wurde yn en foar it ûnderwiis.Troch tiidkrapte
twongen jout ús fraksje jim kolleezje yn oerwaging om oandacht
en/of weroerwaging op de folgjende terreinen:
Lyts farwegenplan;
Foarljochting (Mid-Frieslander)
Riedstikken (FNP moasje is net útfierd);
WVG belied (tasizzing is net neikommen);
Underwiis jildreservearing)
Kameleonprojekt skiede fan doarpsfernijing;
Fanselssprekkendheid fan steande mêst-route en oare grutte
projekten is grut t.o.f. ünderwiis en wolwêzen;
Wentebou tawizing kontigent wenten fermindert/plannen oanpasse
foarrang oan kearntaken;
Underkenning gaswinninggefolgen;
Aldereinwurk;
Gjin prioriteit oan it gemeentehûs.
Dêrmei is oanjûn wat der binnen de beliedsbegrutting oan moasjes
oan jim foarlein wurde sil.Wy tsjinje de folgjende amendeminten
yn:
(trije)
De ried fan Boarnsterhim yn gearkomste byelkoar op tongersdei
13 novimber 1997 hat him dwaande hâlden mei it útstel fan it
mearjierrenynfesteringsplan oer de jierren 1996, 1997 en 1998.
Hy komt dêrby ta it beslút om de totaal ynfestearingen mei 10%
te ferleegjen ta in totaal fan f 284.000,00.
Dat bedrach sil strukturiel ten goede komme oan it sosjaal-kultu-
rielbelied mei foarrang oan de muzykskoalle.
(fjouwer)
De ried fan Boarnsterhim yn gearkomste byelkoar op tongersdei
13 novimber 1997, hat him dwaande hélden mei it útstel ta de
foarming fan de frij besteegbere reserve fan de begrutting 1998.
Hy komt dêrby ta de folgjende ferdieling, as wiziging op it
kolleezje útstel
Renovaasje sportfjilden f 190.000,00
Friksje desintralisaasje ûnderwiishúsfesting f 650.000,00
Sosjaal kulturiel belied f 160.000,00
Steande mêstrüte (foarlopich) f 200.000,00
Totaal f 1.200.000,00."
N0TN0VEM.BER/BS/BV/HUISMANS/3