- 7 - By de kommisjebehanneling op 27 oktober 1.1. hawwe wy al oanjûn dat wy de begrutting 1998 meistimme kinne. Nei it betinken fan D66 mei dy begrutting der wêze! Alhiel as men dy begrutting, as einbegrutting fan dizze riedsperioade, ôfset tsjin de begrut ting, dêr't dizze ried mei út ein setten is yn 1994. Doe wie der sprake fan in mânsk tekoart op 'e begrutting, wêrtroch besunigje needsaaklik wie. In grut tal beliedsfjilden, weründer it sosjaal kultureel wurk, stie ünder swiere finansjele druk en der wie sprake fan in hege lestedruk foar de boarger. Gelokkich is der yn 'e ôfrûne fjouwer jierren it nedige te'n goede keard en is der no sprake fan in oar byld. Der leit in slutende produktebegrutting, mei romte foar ekstra ynvestear- rings. Op tal fan terreinen is nij belied fêststeld. Der is in begjin makke mei it op-wurdearjen fan it sosjaal kulturiel wurk. Der is romte foar in lesteferromming foar de boarger. In begrutting dus dy't besjen lije kin en dy't it resultaat is fan 'e mienskiplike ynspannings dy't der yn de ôfrûne jierren troch boargemaster en wethâlders, de amtlike organisaasje en de ried dien binne. Ynspannings dy't harren oarsprong fine yn it riedsprogramma, lykas dat yn 1994 troch dize ried formulearre is en neier útwurke yn it kolleezjeprogramma 1994-1998. In kollee- zjeprogramma, dêr't dúdlik de aksinten yn lein binne foar dizze riedsperioade en dat, nettsjinsteande alles, noch hieltyd de basis foarmet fan it wurkjen fan dit kolleezje. It giet net oan om no útlitten de loftrompet te stekken. It kin lykwols gjin kwea om de befolking der sa út en troch ris op te wizen dat der ek in soad goed giet yn dizze gemeente en dat der yn in koarte tiid it nedige berikt is. Yn 'e kommis je hat D66 oanjûn dat it algemiene byld fan 'e be grutting goed oanslút by de útkomsten fan 'e behanneling fan 'e maitiidsnota. De finansjele húshâlding is wer wat better op oarder; Der is romte makke foar nij belied, benammen foar it so sjaal kulturiel wurk; De lesten foar de boarger binne nei ûnderen bysteld. Yn de kommis je hawwe wy ek te witten dien dat yn de begrutting noch wol in tal saken sitte dy't ús omtinken nedich hawwe. Der is doe wat sein oer "de spanning" tusken it omtinken foar grutte saken en de gewoane dingen fan âldendei. Ien fan 'e saken dy't ús omtinken nedich hat is de noed foar it ûnderwiis. Ut de oanbiedingsbrief moat opmakke wurde dat der op dit stuit gjin dúdlik byld jûn wurde kin fan 'e gefolgen fan 'e wizige bekostigingsstruktuer en dat ek gjin folslein byld jûn wurde kin fan it takomstige finansieringsferlet foar de lokale ünderwiisakkommodaasjesYn 'e kommisje hawwe wy al oanjûn dat wy soks slim spitich fine. Temear om't, as gefolch dêrfan, de boargemaster Thalenskoalle yn Akkrum yn 'e problemen driget te kommen en it bestjoer fan OSG Sevenwolden ek net wit wêr it oan ta is. Graach hearre wy fan it kolleezje hoe't it de sitewaasje oangeande de boargemaster Thalenskoalle tinkt oan te pakken. Oangeande de OSG is yn de kommisje ek it nedige sein. D66 hat der begryp foar dat jimme op dit stuit gjin finansjele tasiz- zings dwaan kinne dy't net dutsen binne. N0TN0VEM.BER/BS/BV/HUISMANS/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 17