- 8 - Wol is it ús dúdlik wurden dat jimme kolleezje, yn it ferlingde fan 'e notysje fan 'e OSG fan 'e óf rune maitiid, de kommende oanfraach fan it bestjoer fan e OSG op positive wize yn 'e mjitte komme sille en dat jimme it uterste dwaan sille om finan- sjele romte te sykjen om it hawwen c.q it behâlden fan 'e OSG Sevenwolden in dizze gemeente mooglik te meitsjen. As jimme dat léste nochris befestigje wolle, dan ferfalt by ús it ferlet op dat punt in moasje yn te tsjinjen. In oar ding, dat yn 'e kommende jierren ús omtinken freegje sil, is it fierder finansjeel ûnderbouwen fan 'e ramtnota Sosjaal Kulturiel wurk. Spitigernôch hat de ried dy nota noch net ynhâld- lik fêststelle kinnen. D66 hat yn 'e kommisje oanjûn ynstimme te kinnen mei it formulearre belied. De nota leit in basis fan wêrüt't fierder wurke wurde moat. It soe moai wêze om yn ien kear de winsken te realisearjen. De oan-striid komt al rillegau boppe om efkes oan 'e begruttingsbeam te skodzjen en te sjen oft der noch mear ekstra middels út falie kinne. Wy sille it inisja- tyf dêrta lykwols net nimme. De útfiering fan belied moat basear- re wêze op in ferantwurde en djoersume finansjele basis. It ad hoe ynsetten fan middels passet dér net by. D66 kin ynstimme mei de prioriteiten dy't troch it kolleezje lein binne by de sport en it jeugd- en jongereinbelied. Dy prioriteiten wurde yn 'e begrutting finansjeel fertaald. Dér kinne wy mei ynstimme. Njonken de earderneamde dingen sille yn 'e heine takomst ek de problematyk oangeande riolearing en it oanpakken fan 'e bagger- problematyk ús omtinken freegje. It sil noch hiel wat ynspanning freegje om dy problemen de baas te wêzen. Wy nimme de gelegen heid te baat om jimme yn dat ferbân efkes te wizen op 'e site waas je yn Akkrum. De problemen mei de riolearing yn 'e Suster van der Vegtstrjitte en it Weidlân leverje noch hieltyd oerlêst op. Wat kinne wy dér meikoarten oan dwaan en wat dogge wy dér mei koarten oan? Oangeande de baggerproblematyk hawwe wy mei ynstimming fêststelle kinnen dat dêr ek yn it rapport Langman omtinken oan jûn wurdt. Hooplik sil dat liede ta ekstra finansje le stipe foar it oplossen fan 'e problematyk. Yn 'e kommisje hawwe jimme oanjûn dat it wurd "spanning" net it krekte wurd is. Lichtwol is it brüken fan it wurd "útdaging" better op syn plak. Yn dat ljocht besjoen sit der yn 'e oanbie- dingsbrief by de begrutting dan ek gjin spanning, mar wurdt der wol oanjûn dat der noch in tal útdagings yn it foarútsjocht lizze. En útdagings, sa leart de resinte ûnderfining yn Reduzum, binne de muoite wurdich om oan te gean." De hear Zillstra seit: "Der is wer in jier om en as men dan ris weromblêdet en neigiet, wat der in jier lyn oan de oarder wie, dan fait jin op, dat men faaks yn werhellings telâne komt. Dêrom dit kear in pear opmerkings en oandachtspunten De begrutting fan 1997 sjocht der, wat de lêsberens oangiet goed út. Wat de sinteraasje betreft, sitte der noch wol wat lekken en brekken yn. Werom no mei in grut gebaar de onreplik guod beles- ting mei 2% te ferleegjen, wylst sport, biblioteek en musea op 'e earmoede grins en soms dêründer fierder moatte? NOTNOVEM.BER/BS/BV/HUISMANS/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 18