- 10 - Sa't myn buorman dat sa treflik ûnder wurden bringe kin, is ús Partij van de Arbeid der foar ús allegearre. Dat wol dus sizze foar al ús ynwenners, jong en âld, wurknimmer en wurkjouwer, mar wol sa, dat der nimmen tekoart komt. Om mar mei ús eigen wurknim- mers te begjinnen. Wy geane der fanút, dat harren nij ûnderkom- men der net binnen 5 jier stiet. As der dan fierders neat ge beurd, wol dat sizze, dat üs amtners noch in tal jierren harren réde moatte yn in útleefd hûs, dêr't men de fuotten brekt oer de útraffele flierbedekkingWy fine, dat it normale ûnderhâld gewoan troch gean moat. Sille jimme dêr ek noch wat oan dwaan? Oer de desintralisaasje fan it ünderwiis en de oanpak dêrfan yn ús gemeente hawwe wy ús de nedige soargen makke. Wy tinke dat men no mei de ynstelde stjoergroep op'e goede wei is. Wol is it wichtich om de belútsenen goed op 'e hichte te hâlden fan it besprutsene, oars kriget men aanst by de ynfiering in protte tsjinstân. Hoe tinke jimme hjir mei om te gean? De finansjes rûn de skoalgebouwen is foar ús noch alsmar in tsjuster gat. Fandêr, dat wy de moasje fan de .WD hjiroer fan herte ûderskriuwe kinne. It muoit ús, dat de taseine ûntwikkeling fan de Lege Geaën heak- ket, wat betreft de wentebou en de lokaasje foar lytse bedriuw- en. Hja fertsjinje fan jimme ekstra oandacht, kinne jimme dat tasizze? Foardat wy prate kinnen hawwe oer de gearwurking mei projektûnt- wikkelers, wolle jimme al wer los mei immen om it nije gemeente- kantoar op te setten. Soks kin bést in goede saak wêze, mar jou ús dan earst wol de gegevens en romte om op goeie grûnen hjiroer in beslissing te nimmen. Wurdt it ek ris tiid om de rie fan jimme ideeën op'e hichte te bringen foardat wy dy troch tredden fernimme? Doarpsbehear hat wat te meitsjen mei it klimaat en de soarch foar de direkte om jouwing om ús hinne. Wolle wy ús ynwenners meitinke litte, mei itjinge, dat yn harren doarp, strjitte, tún bard, dan sille jimme harren serieus nimme moatte. Dat hâldt ek yn dat in stikje fan jimme en ús "macht" nei harren tagiet oars wurdt it neat. Hawwe jimme dêr al ris oer neitocht en binne jimme dêr ree ta? Wy begjinne sa ús twifels te krijen, no't wy mar nea in evaluaasje hjiroer krije. Dat it mei de wurkgelegenheid de goede kant út giet, binne wy wiis mei. Yn ferbân mei de wurkgelegenheid, soene wy graach witte wolle, hokfoar rol it wurkgelegenheidsfüns hjiryn spilet en hoe't jimme hjirmei omgeane. Dat wy fan de iene dei op de oare grutte ynfestearings dwaan moatte yn grûn, is slim te akseptearjen, ek foar de bûtenwacht, as de saak net better ünderboud is. Is der echt sa'n flecht op'e koai fan ündernimmersdy't om grûn sitte te springen? Wêr is de struktuerfysje, wêrop de üntwikkeling fan Grou stiet? Wêr is it bestemmingsplan? Kom mei de saken sa oan, dat se ús oertsjoegje, dat se nedich binne en dat ek ús ynwenners dat sa sjogge. Wy wolle ek graach de miening fan de Rie hjiroer hawwe en komme dêrom mei in útstel Initiatiefvoorstel betreffende de mogelijke grondaankopen ten noorden van Grou. N0TN0VEM.8ER/BS/BV/HUISMANS/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 20