- 10 -
Sa't myn buorman dat sa treflik ûnder wurden bringe kin, is ús
Partij van de Arbeid der foar ús allegearre. Dat wol dus sizze
foar al ús ynwenners, jong en âld, wurknimmer en wurkjouwer, mar
wol sa, dat der nimmen tekoart komt. Om mar mei ús eigen wurknim-
mers te begjinnen. Wy geane der fanút, dat harren nij ûnderkom-
men der net binnen 5 jier stiet. As der dan fierders neat ge
beurd, wol dat sizze, dat üs amtners noch in tal jierren harren
réde moatte yn in útleefd hûs, dêr't men de fuotten brekt oer de
útraffele flierbedekkingWy fine, dat it normale ûnderhâld
gewoan troch gean moat. Sille jimme dêr ek noch wat oan dwaan?
Oer de desintralisaasje fan it ünderwiis en de oanpak dêrfan yn
ús gemeente hawwe wy ús de nedige soargen makke. Wy tinke dat
men no mei de ynstelde stjoergroep op'e goede wei is. Wol is it
wichtich om de belútsenen goed op 'e hichte te hâlden fan it
besprutsene, oars kriget men aanst by de ynfiering in protte
tsjinstân. Hoe tinke jimme hjir mei om te gean? De finansjes rûn
de skoalgebouwen is foar ús noch alsmar in tsjuster gat. Fandêr,
dat wy de moasje fan de .WD hjiroer fan herte ûderskriuwe kinne.
It muoit ús, dat de taseine ûntwikkeling fan de Lege Geaën heak-
ket, wat betreft de wentebou en de lokaasje foar lytse bedriuw-
en. Hja fertsjinje fan jimme ekstra oandacht, kinne jimme dat
tasizze?
Foardat wy prate kinnen hawwe oer de gearwurking mei projektûnt-
wikkelers, wolle jimme al wer los mei immen om it nije gemeente-
kantoar op te setten. Soks kin bést in goede saak wêze, mar jou
ús dan earst wol de gegevens en romte om op goeie grûnen hjiroer
in beslissing te nimmen. Wurdt it ek ris tiid om de rie fan
jimme ideeën op'e hichte te bringen foardat wy dy troch tredden
fernimme?
Doarpsbehear hat wat te meitsjen mei it klimaat en de soarch
foar de direkte om jouwing om ús hinne. Wolle wy ús ynwenners
meitinke litte, mei itjinge, dat yn harren doarp, strjitte, tún
bard, dan sille jimme harren serieus nimme moatte. Dat hâldt ek
yn dat in stikje fan jimme en ús "macht" nei harren tagiet oars
wurdt it neat. Hawwe jimme dêr al ris oer neitocht en binne
jimme dêr ree ta? Wy begjinne sa ús twifels te krijen, no't wy
mar nea in evaluaasje hjiroer krije.
Dat it mei de wurkgelegenheid de goede kant út giet, binne wy
wiis mei. Yn ferbân mei de wurkgelegenheid, soene wy graach
witte wolle, hokfoar rol it wurkgelegenheidsfüns hjiryn spilet
en hoe't jimme hjirmei omgeane.
Dat wy fan de iene dei op de oare grutte ynfestearings dwaan
moatte yn grûn, is slim te akseptearjen, ek foar de bûtenwacht,
as de saak net better ünderboud is. Is der echt sa'n flecht op'e
koai fan ündernimmersdy't om grûn sitte te springen? Wêr is de
struktuerfysje, wêrop de üntwikkeling fan Grou stiet? Wêr is it
bestemmingsplan? Kom mei de saken sa oan, dat se ús oertsjoegje,
dat se nedich binne en dat ek ús ynwenners dat sa sjogge. Wy
wolle ek graach de miening fan de Rie hjiroer hawwe en komme
dêrom mei in útstel
Initiatiefvoorstel betreffende de mogelijke grondaankopen ten
noorden van Grou.
N0TN0VEM.8ER/BS/BV/HUISMANS/10