- 18 - De foarsitter seit tank foar de algemiene skôgings, dy 't as konstruktyf en posityf karakterisearre wurde kinne. It kolleezje konstatearret mei nocht dat in tal riedsleden sein hat dat dit in begrutting is dêr't oan de iene kant de winsk ta legere les ten en oan de oare kant de winsk ta nij belied ynfold binne. Hy wol net reagearje op wat guon leden sein hawwe yn 'e rjochting fan oare leden. As earste in reaksje op it útstel fan de P.v.d.A. oer oankeap grûn Grou-noard. It kolleezje kin begripe dat de ried noch fra- gen hat oer dizze grûnoankeapOmt der sawol romtlike as ekono- myske en finansjele saken spylje sil hy út namme fan it kollee zje in reaksje jaan. Yn de struktuerfisy is in tinkrjochting oanjûn oer it bouwen en de ekonomyske ûntjouwing mei dêryn in fertaling wat dat foar Grou betsjut. Der is fêststeld dat it tinken dêroer perfoarst net maklik is. Dat hat te krijen mei de fraach wêr 't de útwreiding fan Grou plakfine moat. It is ek düdlik dat foar de ekonomyske ûntwikkeling en it Wetterfront Grou-noard it goede plak is. Sa kinne der minsken oan it wurk holpen wurde en bedriuwen krije echt in kâns ta üntjouwing. It totaalbyld is noch net düdlik. Hy seit ta dat de details en de eksploitaasjegegevens foar 16 desimber op tafel komme. Oer de eksterne finansiering sil ek foar 16 desimber dúdlikheid jûn wurde. It liket it kolleezje ferstannich no gjin útspraak te dwaan oer de moasje fan de P.v.d.A. By moasje 3 seit hy dat út de kommisjegearkomste it byld wol düdlik is. It kolleezje konsta tearret dat it potsje mei jild der op dit stuit net is. Ien ding is düdlik: de bestjoerlike wil fan it kolleezje en de ried te befoarderjen dat de OSG Sevenwolden yn dizze gemeente net allin- ne in fêstiging hâldt mar op den doer ek ütbouwe kin ta folwear- dig ferfolchünderwiisOmt der net in finansjeel plaatsje is fynt it kolleezje dat de moasje net oannommen wurde moat. Hy jout de ried yn oerwaging it kolleezje op te dragen ynkoarten helderheid te ferskaffen oer de finansjele sitewaasje. De ried kin no net in beslüt nimme sünder dat düdlik is hoe dat bekosti- ge wurde moat. By moasje 4 giet it om de kommunikaasje tusken boargers en gemeentebestjoerIt kolleezje fynt it net nedich dat der in nij elemint yn de kommunikaasjestreamen ynbrocht wurdt omt boargers no streekrjocht by it kolleezje telâne kinne en dy wei ek wol witte te finen. Mocht de ried dêr wol foar fiele dan liket him dat in moai punt foar by de kolleezje-ünder- hannelings takom maitiid. Moasje 5 is mei ündertekene troch mefrou Santema en kin dus behannele wurde. Oer de dekking út it grünbedriuw wei seit it kolleezje it folgjende. It grûnbedriuw hat de leste jierren in goede üntwikkeling trochmakke. Der is no in ridlike reserve, dy 't elts grünbedriuw hawwe moat. It giet him dan ek te fier om dy reserve dêr wei te heljen. Hy seit dat it kolleezje best ris mei de ried prate wolle oer oft en hoe heech in eventuele boaiem yn it grünbedriuw wêze moatte soe. It kolleezje üntriedt de moasje. De wurden fan de hear Van der Baan oer de relaas je tusken de polityk en it folk sprekke it kolleezje hiel bot oan. As de polityk noch wat wol yn de mienskip dan sil dy polityk seis woartels hawwe moatte yn de mienskip. Dat üntslacht it gemeente bestjoer net fan de plicht it goed te dwaan mar de politike par tijen sille seis de kontakten mei de boargers ûnderhâlde moatte. Kontakten mei de boargers moatte net allinne fia it gemeentebe stjoer rinne. N0TN0VEM.BER/BS/BV/HUISMANS/18

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 28