- 22 - By de moasje oer de grûnoankeap yn Grou-noard stipet hy it kolleezje. It kolleezje hat in dúdlike miening jûn oer de OSG Sevenwolden. Hy wol graach in wat dúdliker útspraak fan it kol leezje oer de Burg. Thalenskoalle. Hy fynt de moasje dan ek oerstallich. Fan in fragenhealoerke foar boargers sjocht hy it nut net yn omt boargers foldwaande gelegenheid hawwe om yn kon- takt te kommen mei it kolleezje en de ried. Hy stipet de moasje fan de F.N.P. oer it sosjaal kulturiel wurk net. De baggerproble- matyk moat op de politike agenda bliuwe. Fan de 17 riedsleden binne de helte nijkommers. Dy hawwe harren allegear net op it boarst slein dat alles no sa goed giet. De hear Ziilstra seit dat hy gjin antwurd krigen op de f ragen oer de útraffele flierbedekking, de Legeaen, it doarpsbehear en it struibelied. Syn fraksje hanthavenet syn moasje oer de grun- oankeap yn Grou-noard. Mefrou De Boer seit dat minsken yn elts gefal f 180,00 it jier betelje moatte foar bysûndere kosten foardat der in temjittekom- ming betelle wurdt. It ferfalle litten fan de drompel kostet f 22.500,00 en dat kin by de bysûndere bystân op. Har fraksje hanthavenet it útstel De hear Roorda fynt dat der yn de Kadernota in teleurstellende start fan ferbettering fan it sosjaal kulturiele wurk te finen is. De fraksje hanthavenet it amendemint. De dekking foar 1998 is korrekt. Foar 1999 moat op 'e nij in dekking socht wurde. Mevrouw Aukes zegt dat de pers vrij is en aktief nieuws moet kunnen vergaren. Dat is echter niet de kern van haar betoog geweest. De kern is: hoe aktief is het college met de informatie verstrekking aan raad en burgers. Zij is verbaasd over de for mele opstelling van het college over het vragenhalfuurtje voor burgers. Zij handhaaft de motie. Omdat het college niet concreet genoeg is over de OSG Sevenwolden blijft de motie overeind. Het gaat haar om een principe-uitspraak. Ook het amendement over de musea blijft overeind. Het is haar fractie duidelijk geworden dat de musea toch wel financiële problemen hebben. Het lijkt haar gepast f 5000,00 beschikbaar te stellen. Haar fractie steunt de motie van de P.v.d.A. over de grondaankoop te Grou- noord. De motie zou iets gewijzigd kunnen worden door te spreken over "ontwerp"-structuurplan. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje de moasje oer it sosjaal kulturiele wurk fan de P.v.d.A. ûnferstannich fynt. In ienmalige dekking kin ek net. It kolleezje pakt de saak lykwich- tich oan. Der moat ófstemming mei' oare gemeenten plakfine oer de drompel yn de bysûndere bystân en dan soe it útstel miskien yn de kommisje bepraten wurde kinne. Hy fynt de moasje oer de grûn- oankeap yn Grou-noard sjoen de tasizzings fan it kolleezje, oer stallich. De ried hat yn de kommisje hiel dúdlik west oer de OSG Sevenwolden. It kolleezje jout oan wannear 't der in útstel oer de OSG te ferwachtsjen is dat syn fraksje fynt de moasje oerstal lich. Hy sil ek net de moasje oer it fragenhealoerke foar boar gers stypje om 'e selde reden as de fraksje fan D66 dat net docht De foarsitter slút tydlik de gearkomst om 16.00 oere foar oerlis yn it kolleezje. N0TN0VEM.B ERB SBVHUISMANS22

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 32