- 24 - Dêr binne oare mooglikheden genôch foar. It kolleezje wol ek moasje 5 net stypje omt dan de posysje fan it grünbedriuw sa ferswakt wurdt dat it net lije kin. As der echt in nij stikje flierbedekking komme moat dan komt dat der. Nije húsfesting kin lykwols net wachtsje. De meiwurkers hawwe op grûn fan de ARBOwet rjocht op in goed wurkplak. De ried hat dat rjocht erkend. Om nije húsfesting te realisearjen is in sparpot nedich om dat te finansieren. Amendemint trije kin net. As de ried romte siket foar nije inisjativen sil dêr dekking foar socht wurde moatte. 10% koarting is perfoarst gjin solide dekking. It kolleezje wol wol it boechbyld wêze foar de baggerproblematyk en dat is eins ek al it gefalDer binne in tal gemeenten dyt de baggerproblema tyk ta in wichtich lânlik en seis europees punt meitsje wolle. As it de ried echt earnst is om mei oaren, bygelyks de doarpen, wat te dwaan dan sil dat fan gefolgen hawwe dat der in part fan it eigen foech fuortjûn wurdt. Dan barre der saken dêrt net eltsenien fan op'e hichte is en dat kin ek rûs op de line mei de boargers jaan. De hear Ziilstra fynt it" spitich dat dy gearwurking mei de boar gers yn doarpsbehear, dat al trije jier op' e wurklist stiet, sa lang op him wachtet De foarsitter seit dat der nei stribbe wurdt maatwurk te lever- jen by it struien yn'e winter. It iepenbier bestjoer is tagonk- lik foar eltsenien. Elts dy't in fraach stelt krijt antwurd en de ried krijt in útstel as it kolleezje derút is. Fansels is it net winsklik dat boargers yn'e krante léze oft harren in fergun- ning al as net wegere is De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 16.45 oere foar oer- lis Hy weriepenet de gearkomste om 16.55 oere. De hear Van der Baan fynt dat "samar" 10% besunigje yndertiid wol bard is by it sosjaal kulturiele wurk. De ried kin dochs in opdracht jaan oan it kolleezje om rekken te halden mei besunigin- gen oant 10%. Hy sjocht net dat dat ta rampen liede sil. It giet om in globale besuniging. Syn fraksje jout mei it amendemint oan dat de kar dy't makke wurdt ten geunste fan it opbouwurk komme moatte soe. Der wurdt in hieleboel skea oanrjochte as gefolgen fan it ûntbrekken fan goed opbouwurk. De wethâlder soe dochs eins hiel ynnommen wêze moatte mei sa'n strukturiele oplossing. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie instemt met de door het college overgenomen motie inzake het drempelbedrag bijzondere bijstand. Hij steunt niet de motie 2 over de grondaankopen in Grou-noord. Wat motie 3 betreft hoort zijn fractie dezelfde achtergrondmuziek als het college. In die zin kan de motie ge handhaafd worden. De andere moties en amendementen worden door zijn fractie niet gesteund. De hear Van den Berg fynt dat der dochs nochris sjoen wurde moat nei in oare dekking foar moasje 1. By moasje 2 kin hy him oanslu- te by de wurden fan de hear Jonkers. Troch de moasje oan te nimmen wurdt de diskusje op foarhân blokkearre en dat sille de oare riedsleden dochs ek net wolle. Syn fraksje fynt dat it kolleezje dúdlik oanjûn hat om alle war te dwaan foar de reno- vaasje fan de Burg. Thalenskoalle. N0TN0VEM.BER/BS/BV/HUISMANS24

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1997 | | pagina 34