- 24 -
Dêr binne oare mooglikheden genôch foar. It kolleezje wol ek
moasje 5 net stypje omt dan de posysje fan it grünbedriuw sa
ferswakt wurdt dat it net lije kin. As der echt in nij stikje
flierbedekking komme moat dan komt dat der. Nije húsfesting kin
lykwols net wachtsje. De meiwurkers hawwe op grûn fan de ARBOwet
rjocht op in goed wurkplak. De ried hat dat rjocht erkend. Om
nije húsfesting te realisearjen is in sparpot nedich om dat te
finansieren. Amendemint trije kin net. As de ried romte siket
foar nije inisjativen sil dêr dekking foar socht wurde moatte.
10% koarting is perfoarst gjin solide dekking. It kolleezje wol
wol it boechbyld wêze foar de baggerproblematyk en dat is eins
ek al it gefalDer binne in tal gemeenten dyt de baggerproblema
tyk ta in wichtich lânlik en seis europees punt meitsje wolle.
As it de ried echt earnst is om mei oaren, bygelyks de doarpen,
wat te dwaan dan sil dat fan gefolgen hawwe dat der in part fan
it eigen foech fuortjûn wurdt. Dan barre der saken dêrt net
eltsenien fan op'e hichte is en dat kin ek rûs op de line mei de
boargers jaan.
De hear Ziilstra fynt it" spitich dat dy gearwurking mei de boar
gers yn doarpsbehear, dat al trije jier op' e wurklist stiet, sa
lang op him wachtet
De foarsitter seit dat der nei stribbe wurdt maatwurk te lever-
jen by it struien yn'e winter. It iepenbier bestjoer is tagonk-
lik foar eltsenien. Elts dy't in fraach stelt krijt antwurd en
de ried krijt in útstel as it kolleezje derút is. Fansels is it
net winsklik dat boargers yn'e krante léze oft harren in fergun-
ning al as net wegere is
De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 16.45 oere foar oer-
lis
Hy weriepenet de gearkomste om 16.55 oere.
De hear Van der Baan fynt dat "samar" 10% besunigje yndertiid
wol bard is by it sosjaal kulturiele wurk. De ried kin dochs in
opdracht jaan oan it kolleezje om rekken te halden mei besunigin-
gen oant 10%. Hy sjocht net dat dat ta rampen liede sil. It giet
om in globale besuniging. Syn fraksje jout mei it amendemint oan
dat de kar dy't makke wurdt ten geunste fan it opbouwurk komme
moatte soe. Der wurdt in hieleboel skea oanrjochte as gefolgen
fan it ûntbrekken fan goed opbouwurk. De wethâlder soe dochs
eins hiel ynnommen wêze moatte mei sa'n strukturiele oplossing.
De heer Jonkers zegt dat zijn fractie instemt met de door het
college overgenomen motie inzake het drempelbedrag bijzondere
bijstand. Hij steunt niet de motie 2 over de grondaankopen in
Grou-noord. Wat motie 3 betreft hoort zijn fractie dezelfde
achtergrondmuziek als het college. In die zin kan de motie ge
handhaafd worden. De andere moties en amendementen worden door
zijn fractie niet gesteund.
De hear Van den Berg fynt dat der dochs nochris sjoen wurde moat
nei in oare dekking foar moasje 1. By moasje 2 kin hy him oanslu-
te by de wurden fan de hear Jonkers. Troch de moasje oan te
nimmen wurdt de diskusje op foarhân blokkearre en dat sille de
oare riedsleden dochs ek net wolle. Syn fraksje fynt dat it
kolleezje dúdlik oanjûn hat om alle war te dwaan foar de reno-
vaasje fan de Burg. Thalenskoalle.
N0TN0VEM.BER/BS/BV/HUISMANS24